Skipsgrêf
Ut Wikipedy
Fynst fan it Gokstad-skip yn 1880
In skipsgrêf of boatgrêf is in begraafplak op it lân, út meast de iere midsieuwen, dêr't ien of mear ferstoane(n) by yn in skip of boat bedobbe waarden.
In ferneamd foarbyld is it 7e ieuske skipsgrêf yn Sutton Hoo, Ingelân. Oare foarbylden binne it Gokstadskip en it Osebergskip, twa 9e ieuske Wytsingeskippen dy't yn Noarwegen fûn binne. Wierskynlik gie it om grêven fan foaroansteande minsken. Dizze skipsgrêven leinen ûnder in grêfhichte en hiene faak grêfjeften. Dit soarte fynsten hawwe wichtich west foar it witten oer de iere midsieuwen, en hawwe ek keunsthistoarysk en argeologysk belang.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
- Ibn Fadlan - jout in tsjûgeferslach fan in 10e ieuske Wytsinge skipsbegraffenis by wat no Balymer is.
- Stiennen skip
- Sinneboat
- Striidweinbegraffenis