Skiere Goes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiere Goes
Greygoose.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Anser anser

De Skiere Goes (Anser anser) is in 75-90 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De skiere goes hat meast grize fearren mei in wite ûnderein en in wite sturt. Fierders hat er in grauwe hals en in oranje snaffel en poaten. De skiere goes is de foarfaar fan de nuete goes dy't troch de minsken hâlden wurdt. De nuete goes is faak wyt.

Oare namme[bewurkje seksje | edit source]

De Skiere Goes wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut as Grutte Wytgat.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Oars as in protte oare guozzen, dy't yn it hege noarden briede, lykas de Blesgoes, briedt de Skiere Goes yn grutte parten fan Jeropa: yn Skandinaavje, Grut-Brittanje, Nederlân, Dútslân en grutte parten fan Midden-Jeropa en op de Balkan. Yn de noardlike gebieten is de skiere goes in trekfûgel mar súdliker is er op in protte plakken it jier rûn te finen. De Skiere goes hat in skoft net mear yn Nederlân bret fanwege it jeien. Mei it ynpolderjen fan de Flevopolders kaam er wer werom yn Nederlân te brieden. Yn 2003 wiene der wer sa'n 8000 pearkes fan de skiere goes.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Skiere guozzen foarmje in pearke foar it libben. It wyfke bout in nêst, dêr't se de 4-9 aaien yn útbret. It mantsje bliuwt yn de buert om it nêst te bewekjen. Nei 27-29 dagen komme de aaien út. De jongen wurde 2 moanne troch de âlden fersoarge mar meast bliuwe se by har âlden oant en mei it folgjende jier at de âlden wer begjinne te brieden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]