Skiednis fan it keatsen

Ut Wikipedy

Skiednis fan it keatsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keatsen is in tige âlde balsport; it wurdt somtiden sels de alderâldste balsport neamd. Der binne dan ek oanwizings dat der 4000 jier lyn al keatst waard. Yn Egypte, op ikoanen yn de tempel fan Osiris yn Thebes dy't stamme út 2000 foar Kristus, binne prysters te sjen dy't mei de hân in bal slaan. En yn Midden-Amearika binne mear as 700 âlde keatsbanen fûn. De âldste dêrfan stamt likernôch út 1500 foar Kristus. Ut bylden, reliëfs en skilderingen is op te meitsjen dat it keatsen dêr in wichtich plak yn naam yn de kultuer. Yn Meksiko wurdt yn de steaten rûn Zacatecas op sa'n 400 banen noch altyd in foarm fan muorrekeatsen spile.

Yn Europa hat Aleksander de Grutte (450 f.Kr.) it keatsspul fan Grikelân út ferspraat nei Romeinske koloanjes. Fia de Romeinen is it spul fierderop Europa ynbrocht.

Keatsen yn de Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Frankryk wie it Jeu de Paume om it jier 1300 hinne tige populêr, sawol by de eallju as by it 'gewoane' folk. Midsiuwske boarnen beskriuwe it spul sa: "It spul bestiet út it ûntfangen fan de bal, en it werom slaan mei de iepen hân. It waard earst mei de bleate hân spile, letter mei in want en wer letter bûn men stof om de hân om de bal mei mear fearkrêft weromslaan te kinnen."

Ut it Jeu de Paume, dat feitelik in soarte fan 'hântennis' wie, binne ferskate keatsfarianten ûntstien, û.o. it Frysk spul en Jeu de Pelote, spile yn Belgje en Frankryk. Ek yn Itaalje (Pallapugno en Palla Éh), Spanje (Llargues) en Sweden (Pärk) binne der farianten dy 't op it Jeu de Paume werom te fieren binne. Om 1500 hinne ûntstie út dy foarm, mei it langer en grutter wurden fan de want, de foarrinner fan it moderne tennis. Dêrmei begûn ek de kontroverze tusken it spyljen mei de hân en it brûken fan in racket. Wittenskipper en filosoof Erasmus skreau dêr yn 1524 dit oer: "Jo switte faaks mear, mar it spul is nofliker as it mei de hân spile wurdt." Hjoed-de-dei wurdt hjir en dêr wer in miksfoarm fan tennis en keatsen spile, teatsen neamd.

(Wer-) Opkomst fan it Muorrekeatsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it better wurden fan de kwaliteit fan de ballen kaam in de 15e iuw ek it muorrekeatsen (wer) yn swang. De âldste skriftlike boarne stamt út Skotlân (1427). Kening James I hat neffens dy boarne de heechste priis foar syn ferslaving oan it muorrekeatsen betelle. Hy hie in keldersrút ticht mitselje litten, omdat him dat by it keatsen hindere. Doe 't er trije dagen letter troch de kelders foar moardners flechtsje soe, waard er foar it tichtmitsele keldersrút, syn ienichste flechtrûte, deastutsen.

Fan dy tiid ôf wurdt it muorrekeatsspul yn histoaryske boarnen hieltyd mear neamd: Benammen út stikken dêr't it keatsen by (en sels yn) tsjerken ferbean wurdt. Yn it Ierske Galway waard yn 1527 it keatsen tsjin de stedsmuorren by wet ferbean. Ierlân hie destiids in soad hannelskontakten mei Baskelân dêr't ek doe al it Pelota á Mano spile waard. Oant hjoed-de-dei is net dúdlik wa fan beiden it spul by de oar yntrodusearre hat.

Wol is dúdlik dat it Ierske emigranten wiene dy't it muorrekeatsen yntrodusearre hawwe yn Austraalje, Súd-Afrika en Amearika. Yn Amearika is it it bêste oanslein. Dêr wurde trije farianten spile: Op bûtenbanen it ien- en trije-muorre-keatsen en yn binnen-akkomodaasjes it fjouwer-muorre-keatsen. Allinne yn New York binne al mear as 2000 keatsbanen te finen. De keatsers binne dêr feriene yn de US Handball Association.

Lyk as it tennis ûntstien is út it Jeu de Paume, is it muorrekeatsen evaluearre ta Squash en letter Racquetball. De nijste leat by it muorrekeatsen is fûstbal, yn 1989 út ferfeling troch útfallen lessen, troch studinten út Estlân betocht. It spul wurdt tsjintwurdich ien-tsjin-ien yn squashhallen spile mei in tennisbal, dy't slein, skopt en kopt wurde mei. Fierder is it ienichste ferskil mei 'gewoan' muorrekeatsen, dat de bal 2 kear stuitsje mei.

Ek yn Sintraal Amearika waard troch de oarspronklike befolking in muorrekeatsfoarm spile dy't wat fjild ôfmjittings en materiaal opfallende oerienkomsten hat mei de Ierske foarm: Rebote a Mano con Pelota Dura (letterlik: hânkeatse mei in massive bal). It spul koe him dêr ûntwikkelje omdat se dêr al earder as yn Europa beskikten oer rubberen ballen. It spul wurdt noch altyd spile. By archeologyske ûndersiken yn Meksiko en de lannen súdlik dêrfan, binne in pear hûndert banen wer bleatlein.

Peteca[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bysûndere ein yn it keatsbyt is Peteca. It spul is ûntstien yn Súd-Amearika, om krekt te wêzen yn Brazylje. De Tupi-stam spile it spul, wêrby in soarte fan grut útfallen badmintonplûmke mei de hân oer in net of tou spile wurdt, by bysûndere gelegenheden. Peteca betsjut yn it Tupi 'slaan'. Yn Brazylje is it spul in de rin fan de tiid regulearre en wurde toernoaien hâlden. Mei de Olympyske Spullen fan 1928 is it spultsje nei Europa oerwaaid. Yn Frankryk en Ingelân wurdt it spul noch altyd regulearre spile. Ek yn Dútslân binne kompetysjes, mar dêr wurde sterk ôfwikende regels hantearre: 5 tsjin 5 ynstee fan inkel- of dûbelspul en yn de Dútske kompetysje mei der twa kear yn it eigen team oerspile wurde, foardat de bal oer it net spile wurdt (follybalregels). Yn Nederlân binne út en troch rekreative toernoaien, mar is it benammen in fakânsjespultsje foar op de kamping of it strân.

Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meastentiids as "typysk Fryske sport" oantsjutten Fryske keatsspul, is yn de 16e iuw troch Hollânske dykwurkers op It Bilt yn Fryslân yntrodusearre. De Fryske fariant fan it spul wurdt tsjintwurdich op gers spile tusken twa teams fan elk trije spilers, de partoeren. Fral yn it noarden fan de provinsje yn de Fryske klaaigebieten is it spul noch hieltyd populêr. Yn de rest fan Fryslân is dat minder. Oan de ein fan de 19e iuw binne de earste keatsferienings oprjochte, dy't har feriene hawwe yn in twatal keatsbûnen: It Fryske Keatsbûn, letter werneamd ta NKB, tsjintwurdich KNKB en de Kristelike tsjinhinger, CFK. Beide bûnen binne yn 1994 fusearre. De jierlikse hichtepunten yn it Frysk spul binne de PC yn Frjentsjer en de Freulepartij yn Wommels.

Behalve op gers, wurdt it yn guon doarpen en stêden ek op strjitte en op pleinen spile. Bekende strjitkeatspartijen binne it 'lanenkaatsen' yn Harns en de Hoarekakeatspartij yn Ljouwert.

It Fryske spul is útsoarte in Jeu de Paume-foarm. It Fryske spul hat bûten it Belgysk/Frânske Jeu de pelote en it Spaanske Llargues ek in soad oerienkomsten mei Palla Éh dat yn de Italjaanske regio Toskaanje hjir en dêr noch spile wurdt.