Skiednis fan it Grinslânsk

Ut Wikipedy

It Grinslânsk, de streektaal fan de provinsje Grinslân en de gebieten der om hinne, is op in oare wize ûntstien as de measte talen en dialekten yn Nederlân. Foar de skiednis fan it Grinslânsk moat men dan ek kennis hawwe fan de skiednis fan de provinsje sels. De perioaden dy't hjirûnder beskreaun wurde, binne taalkundige perioaden, basearre op fynsten fan âlde teksten.

Aldfrysk (±1150 – ±1350)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Midsiuwen wie it hjoeddeiske Grinslân partsjen yn trije parten:

De Ommelannen en it Âldambt hearden doe by de Sân Fryske Seelannen. It fernuveret net dat ek yn 'e Ommelannen it Aldfrysk him om 1150 hinne begûn te ûntwikkeljen. Dit Âldfrysk kin oantsjut wurde as Ald-Easterlauwersk Frysk. Yn 'e stêd waard lykas yn de rest fan Drinte in dialekt fan it Aldsaksysk sprutsen, lykas yn Westerwâlde.

Wichtige Aldfryske boarnen yn it Aldfrysk út de Ommelannen binne it Hunsingoër Lânsrjocht, de Fivelgoër wetten, de stêdsrjochtenferklearing foar Appingedam en de runenhoutsjes fan Westeremden.

"Aldgrinslânsk" (±1350 – ±1600)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 13e iuw krige de stêd Grins hieltyd mear belangstelling foar it Fryske gebiet om de stêd hinne. Sa krigen de Ommelannen, dy't oant doe altyd as Lyts Fryslân oantsjut wienen. Om 1350 hinne wie dizze ynfloed sa grut wurden dat de measte Ommelanners harren taal, it dan al Midfrysk, omwikselt hienen foar it Nedersaksysk fan de stêd Grins. It Midfrysk hat in skoftke bestean yn 'e Ommelannen.

It "Aldgrinslânsk" stie as taal tusken it Midfrysk en it Middelnederdútsk fan Noard-Drinte yn. It hat de eigenskippen fan it Nedersaksysk, mar hat noch in soad Fryske ynfloeden yn de wurdskat. Bygelyks it wurdsje "geselschip", dêr't de i typysk Frysk is (Nijfrysk: selskip; Nijgrinslânsk: geselschop). Ek wurd de g noch as kh útsprutsen en hat de ks-s wiksel noch net folslein plak fûn. It politike omtinken wie benammen rjochte op it noardeasten, dêr't it Heegdútsk ek in ynfloed op it Grinslânsk hân hat.

It Westerwâldsk wie noch hieltyd in skjinne Westfaalske, Saksyske taal. In reden hjirfoar wie dat Westerwâlde hiel bot isolearre wie troch it feangebiet der om hinne. Ek wie it politike omtinken mear rjochte op it easten, Osnabruck, ynstee fan op it westen en noarden.

"Middelgrinslânsk" (±1600 – ±1800)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1600 ôf ûntstie der yn Grinslân, dat ûnderwilens in part fan de Nederlannen wie, út de polityk wei mear omtinken oan it súdwesten as oan it noardeasten. Hjirtroch hie de taal te lijen fan de nije standerttaal, it Nederlânsk. Ek it Middelnederdútsk, dat al in iuw earder yn Drinte ûntstean wie, wie no foar de ûntwikkeling fan it Grinslânsk fan belang.

Hjirtroch ûntstie der in taal dy't Middelgrinslânsk neamd wurde kinne soe. It liket bot op it Middelnederlânsk wat skriuwwize oanbelanget, mar benammen wat de wurdskat oanbelanget. In protte fan dy âlde Fryske en Heechdútske ynfloeden út it Aldgrinslânsk wei binne yn dy perioade ferlern gong, dêr't de Saksyske en Frankyske ynfloeden foar yn it plak kamen.

"Nijgrinslânsk" (±1800 – hjoed)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1800 hinne ûntstie yn Grinslân in grutskens fan har eigen identiteit, ek wol provinsjalisme neamd. Dit soarge foar in sterke ûntwikkeling fan it Grinslânsk. Der ûntstienen lûden lykas ai, ou en ui, dy't eartiids jit ee, oo en uu wienen en dy't hjoed de dei Grinslânsk eigen binne. Ek it aksint dat men hjoed de dei wer sjocht as Grinslânsk ûntstie yn dizze rite.

Doe yn de 19e iuw de feankoloanjes ûntgonnen wienen en yn kultuer brocht wiene, kamen der in protte Fryske emigranten dy't har dêr ta wenjen setten. Dêrom is ek it Feankoloniaalsk troch it Fryske Substraat beynfloede is en dêrom ek it Feankoloniaalsk yn Drinte ta it Grinslânsk rekkene wurd.

Troch alle Fryske ynfloeden wurdt it Grinslânsk ek wol in Friso-Saksyske taal neamd.