Skiednis fan Libanon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De skiednis fan Libanon omfiemet de skiednis dat him ôfspile hat op it grûngebiet fan de moderne republyk Libanon.

Iere skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet fan Libanon makke eartiids diel út fan in rige steaten dy't yn de Aldheid efter inoar de hearskippij oer it Heine Easten útoefenen. Yn it gebiet ûnstie om-ende-by 8.500 f. Kr. foar it earst lânbou. De Foenysjers dy't tusken 2700 en 450 f. Kr. it yn dy kriten foar it sizzen hienen bouden yn Libanon in bloeiende maritieme kultuer op. Ruïnes fan harren binne te finen yn Tyrus, Sidon, Byblos en Beiroet.

De kristlike sekte fan de monoteleten stifte yn de 6e ieu in koloanje op yn it Libanonberchtme. Yn de folgjende fjouwer ieuwen festigen harren yn Libanon de Islamityske sekte fan de Druzen. Ek waard Libanon it wengebiet fan de kristlike Maroniten. Neidat de Byzantinen troch de Arabieren út Libanon ferdreaun waarden (646), hearde it opienfolgjend by de riken fan de kaliven en Osmaanske sultans. It lân kaam yn 1840 ûnder it bestjoer fan in Druze en in Maronyt, ûnder tasjoch fan it Osmaanske Ryk. De Osmanen besochten twadracht tusken Druzen en Maroniten te feroarsaakjen, wat útrûn op in massamoard op de Maroniten troch de Druzen (1860). De moardpartij hie in yntervinsje fan it Westen ta gefolch, wêrnei't Libanon in autonome provinsje fan it Osmaanske Ryk waard.

Mandaatgebiet[bewurkje seksje | edit source]

Nei de Earste Wrâldkriich waard Libanon yn 1920 in Frânsk mandaatgebiet en kaam yn 1940 ûnder bewâld fan it Vichy-rezjym te stean. Healwei 1941 waard Libanon troch Britske en Frije Frânske troepen beset. Generaal De Gaulle, befelhawwer fan it Frije Frânske leger yn it Midden Easten kundige de ûnôfhinklikheid fan Libanon ôf. De Frânske kontrôle op it bestjoer moast nei 1946 wike foar de tanimmende Amerikaanske ynfloed.

Nei de Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1948 die Libanon mei oan de oarloch tsjin Israel. Ynlânske spannings tusken oanhingers fan it arabisme en guons dy't foarstanner wienen fan in neutrale koers laten ta it ôfgean fan presidint al-Khoery dy't sûnt 1943 steatshaad west hie. Hy waard opfolge troch de kristlike Chamille Chamoun. De Suez-krisis yn 1956 ferskerpe de tsjinstellings tusken de oanhingers fan de Egyptyske presidint Nasser en de neutralisten. By de ferkiezings fan 1958 laten nije spannings ta wapene botsingen tusken foar- en tsjinstanners fan presidint Chamoun. Nei de fal fan kening Feisal fan Irak (july 1958) lânen op fersyk fan de presidint Amerikaanske troepen yn Libanon. De krisis waard lang om let oplosse troch de foarming fan in nasjonale regearing en de beneaming fan oerbefelhawwer generaal Foead Chehab as nije presidint wêrnei't de Amerikaanske weromlutsen waarden. Yn septimber 1964 folge Charles Helou Foead Chehab op.

Under de Juny-kriich yn 1967 keas Libanon de side fan de Arabyske lannen, mar fierden feitlik gjin kriichshanneling út. As gefolch fan aksjes troch Palestynske fersetsgroepen namen yn 1968-1969 de spannings mei Israel fierder ta. Nei allegeduerigen Israelyske yntervinsjes yn Libanon moast it Libaneeske leger yn 1973 optrede tsjin de Palistinen. Yn 1974 wie der op 'e nij reboelje yn Libanon, diskear tusken de rjochtse (kristlike) falangisten fan Gemayel en de Palesyske kommando's. Yn 1975 bruts dêrtroch in boargerkriich út. Presidint Soelayman Franjieh dy't yn 1970 as presidint keazen waard, en it hieltyd wankele evenwicht tusken politike en religieuze groepearrings besocht te hanthavenjen, waard yn 1976 twongen ôf te treden. Presidint E. Sarkis wie syn opfolger. Datselde jier ynterveniearre Syrje yn it foardiel fan de kristenen yn de boargerkriich. Letter dat jier waard in oerienkomst berikt dêr't in Syryske troepemacht út namme fan de Arabyske Liga de frede yn ôftwinge moast.