Skellefteå
| Skellefteå | ||
| Guldstaden | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 32.425 (2008) | |
| Oerflak | 21,70 km² | |
| Befolkingstichtens | 1494 / km² | |
| Hichte | m | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Lânskip | Västerbotten | |
| Län | Västerbotten län | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| *Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
| Webside | Offisjele webside | |
Skellefteå is de haadstêd fan de gemeente Skellefteå yn it lânskip Västerbotten en de provinsje Västerbottens län yn Sweden. De stêd leit oan de Europeeske wei 4, en oan de rivier de Skellefte älv dêr't de stêd nei neamd is. Skellefteå hat in treinferbining, in stasjon en in fleanfjild.
Skiednis [bewurkje seksje]
Der binne oanwizings dat Skelleftea al bewenne waard om 1000 NC hinne troch de Samen en mooglik ek de Finske befolking.
De namme Skelleftea wurdt beskôge as in staveringsfariant fan Skelepht út 1327, mar wis is de oarsprong net.
Yn de 14e ieu waard der al besocht om de bewenners fan de omkriten fan Skelleftea te kristenjen. Norrland waard lywols earst ieuwen letter as de rest fan Sweden ta it kristendom, omdat noardlike plakken sa as Skelleftea foar in grut part noch ûnûntdutsen gebiet wie. De stêd sels is noch hiel jong, feitlik ien fan de jongste yn Norrland. It waard yn 1845 troch kappelaan Nils Nordlander stifte.
Yn de 20e ieu hat Skellefteå har ûntjûn ta in yndustry- en mynboustêd en waarden in protte âlde houten huzen ferfongen troch stiennen wenten. De grutste partikuliere wurkjouwer yn Skellefteå is de mynboukompanjy Boliden AB, mei sa'n 1200 wurknimmers. It bedriuw wint gouderts en dêrom wurdt Skellefteå somtiden oantsjut as de Goudstêd. Yn de 90er jierren makke de kompjûteryndustry opgong, sadat Ericsson en Tieto Enator ek wurkjouwers fan belang wurden binne.
Sport [bewurkje seksje]
- Skellefteå AIK, in Iishockeyklub dy't út yn de heechste Sweedske League
- Morön BK, fuotbalklub, spilet yn 2e divyzje Norrland.
- Skellefteå FF, fuotbalklub yn de 2e divyzje Norrland.
- Sunnanå SK, fuotbalklub, fral bekend om har frouljustakke spilers (mei kampioenskippen yn 1982 en 1988)
- Soo Shim Taekwondo Klubb, Sweden's meast súksesfolle taekwondo klub.
Berne yn Skellefteå [bewurkje seksje]
- Bo Nilsson (1 maaie 1937), komponist
- Margot Wallström (1954), Sweeds politika
- Joakim Nyström (1963), Sweeds tennisspiler
- Robert Dahlgren (1979), Sweeds autokûreur
- Victoria Silvstedt (1974), Sweeds model en aktrise
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skellefteå fan Wikimedia Commons. |