Skanomodu (munt)
Ut Wikipedy
Skanomodu is de namme fan in munt dy't yn Ingelân fûn is. It moat in Fryske munt west ha. De munt is datearre rûn 500 nei Kristus.
[bewurkje seksje] Namme
De namme fan de munt komt fan de tekst dy't op de munt stiet. Op de munt stiet in wurd yn it rune-skrift, dat yn dy tiid it skrift fan de Germaanske folk wie, it folk dêr't ek de Friezen ta hearden. Yn rune-skrift stiet dêr skanomodu, wat skjinne moed betsjut. It is it âldste oerlevere Fryske wurd.