Skald

Ut Wikipedy

In skald wie fan âlds in hofdichter yn 'e Wytsingkultuer fan it Midsiuwske Skandinaavje. Sokken skreaune benammen goade- en heldedichten yn alliterearjende fersfoarm, dêr't de Germaanske mytology in grutte rol yn spile. Skalden wurde tsjintwurdich ek wol sjoen as skiedskriuwers, om't in protte aspekten oangeande de Germaanske mytology en it deistich libben yn it Midsiuwske Skandinaavje tanksij harren geskriften bewarre bleaun binne. De patroangod fan 'e skalden wie Bragy, dy't dichterlike ynspiraasje belicheme. Fierwei de meast ferneamde skald wie de Iislanner Snorri Sturluson, de skriuwer fan 'e Proaza-Edda.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.