Sjitgat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sjitgat yn Caen mei ûnderoan kanonsiepening

In sjitgat is in iepening yn in muorre fan in kastiel, festing of bunker dêr't troch sjitten wurde kin op de fijân. It is ek om relatyf feilich de fijân beglûpe te kinnen.

Omdat foar bespionearing in sa lyts mooglike iepening winsklik is, hat de grutte fan wapens de grutte fan de sjitgatten bepaald. By kombinaasje fan bespionearring en besjitting mei in kanon, bestie de iepening út in langwerpige iepening yn kombinaasje mei in rûne iepening om troch te sjitten. Yn it gefal fan bespionearring en besjitting mei in pylk-en-bôge of in gewear koe folstien wurde mei in langwerpige iepening. De grutste sjitiepeningen waarden lykwols realisearre by it loftôfwargeskut yn de bunkers sa't dy meast tapast waarden yn de Atlantikwall.