Sittende Bolle

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Sitting Bull")
Gean nei: navigaasje, sykje
Sittende Bolle.

Sittende Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Íyotake, útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; Ingelske oersetting: Sitting Bull; oan 'e Grand River (Súd-Dakota), ±1831 – dêre, 15 desimber 1890), wie yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde ieu in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e (Sioux), in Yndiaansk folk yn it midnoarden fan 'e Feriene Steaten. Yn 1876 stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, Sjajinne- en Arapaho-krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei Kanada ta. Nei't er him yn 1881 oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon Buffalo Bill, en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn 1890, doe't de nije religy fan 'e geastedûns ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.

Jonkheid[bewurkje seksje | edit source]

Ornaris wurdt steld dat Sittende Bolle om 1831 hinne berne waard oan 'e Grand River, yn it Dakota-territorium, al hold syn oerpaksizzer yn 2007 op grûn fan mûnlinge oerlevering út dat er oan 'e rivier de Yellowstone berne waard, justjes besuden it hjoeddeiske Miles City, yn 'e steat Montana. Syn heit wie Springende Bolle en syn mem hiet fan Har-Hillige-Doar. Nei de Lakota-tradysje krige er letter ien fan syn heite nammen taparte, Tȟatȟáŋka Íyotake, dat "Sittende Bolle" betsjut, en ferwiist nei syn heite liederskip yn in grutte slach tusken de Lakota en de Kro. Sittende Bolle troude letter fiifris, mei Ljocht Hier, Fjouwer Kladen, Snie-op-Har, Sjoen-troch-Har-Folk en Skarlekkene Frou. Hy krige yn elts gefal twa bern, in soan, Kraaiepoat, en in dochter, Mannich Hynder. Fierders hied er noch in oannommen soan, Ien Bolle, en twa oannommen dochters, Rint Sjende en Annie Oakley. Sittende Bolle wie in lid fan 'e Hûnkpapa-stamme fan 'e Lakota. De Lakota binne ien fan 'e trije útsprantels fan 'e , yn 'e mande mei de Westlike Dakota en Eastlike Dakota.

De Dakota-Oarloch fan 1862, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, wêrby't de Eastlike Dakota yn Minnesota tusken de 300 en 800 blanke kolonisten by ombrochten, wiene de Lakota sadwaande net yn behelle. De Amerikanen makken by harren represaillemaatregels lykwols gjin ûnderskie tusken Dakota en Lakota, en yn juny 1864 foelen twa brigades fan it Amerikaanske Leger (sa'n 2.200 man) ûnder generaal Alfred Sully, in Lakota-doarp oan. Yn dy Slach by Killdeer Mountain waarden de ferdigeners oanfierd troch Gal, Reade Mûtse en Sittende Bolle. Dat wie syn earste gefjocht tsjin 'e blanken. De Lakota moasten dêrby úteinlik belies jaan, mar skermutselingen holden oan oant yn augustus. Yn septimber kamen Sittende Bolle en sa'n hûndert oare Hûnkpapa in lyts selskip blanke kolonisten begelaat troch soldaten oer 't mad dêr't no Marmarth, yn Noard-Dakota, leit. Hja wiene troch in karafaan fan kapweinen efterlitten om in oer de kop sleine wein te reparearjen. Doe't er de oanfal op harren late, waard Sittende Bolle troch in soldaat yn 'e lofterheup sketten, mar rekke net al te swier ferwûne.

Sittende Bolle (jier ûnbekend).

De Oarloch fan Reade Wolk[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) late Sittende Bolle withoefolle oanfallen fan 'e Sû op Fort Berthold, Fort Stevenson en Fort Buford. Hoewol't Reade Wolk, in opperhaad fan 'e Oglala-substamme, de Lakota yn dy oarloch oanfierde, ferfolle ek Sittende Bolle der in wichtige rol yn. Stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne) en de Noardlike Arapaho, besochten de Sû hjirby foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, in karafaanrûte nei it Westen dy't troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, in grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, hielendal omfette.

Troch syn oanpart yn 'e Oarloch fan Reade Wolk wûn Sittende Bolle tige by tige yn prestiizje oan. Neffens histoarikus Stanley Vestal, dy't yn 1930 mei de âlderein fan 'e Hûnkpapa spriek, waard Sittende Bolle yn 1868 útroppen ta "heechste opperhaad" fan 'e Grutte Sû Naasje. Lettere skiedkundigen en etnologen ûntstride dat, mei't de Lakota-maatskippij fiersten te fersille wie om ien inkele lieder te erkennen, of foar ien inkele lieder om in protte gesach oer de fierhinne autonoom operearjende groepen en troepen te hawwen.

Tuskenspul[bewurkje seksje | edit source]

Sittende Bolle yn 1883, yn Pierre, yn Súd-Dakota, ûnderweis fan Fort Randall nei it Standing Rock-agintskip.

De Hûnkpapa-troep fan Sittende Bolle gie oan 'e ein fan 'e 1860-er en it begjin fan 'e 1870-er jierren troch mei it dwaan fan oanfallen op forten en groepen kolonisten. Doe't de Northern Pacific Railway yn 1871 lânmjittings ferrjochtsje liet foar in spoarferbining dwers troch de noardlike Grutte Flakten hinne, ûnderfûnen se dêrby in fûleindich ferset doe't se troch it lân fan 'e Hûnkpapa moasten. In jier letter waarden de lânmjitters fannijs útstjoerd, diskear ûnder beskerming fan it Amerikaanske leger, mar Sittende Bolle en syn Hûnkpapa foelen it selskip likegoed oan, en jagen it op 'e flecht. Yn 1873 besochten de lânmjitters it jitris, no begelaat troch noch mear soldaten, mar de Hûnkpapa beaën steech ferset. Troch de Bankekrisis fan 1873 rekke de Northern Pacific Railway finansjeel yn 'e nederklits, en it projekt waard doe foarearst stillein.

Lykwols, yn 1874 ûntstie der belangstelling foar de mooglikheid dat der yn 'e Black Hills goud te finen wie. Generaal George Armstrong Custer late in ekspedysje út Fort Abraham Lincoln wei (by Bismarck, yn Noard-Dakota), dy't yn 'e heuvels op 'e sneup gie nei goud en omseach om in gaadlik plak om in fort oan te lizzen. Doe't Custer weromkaam en mei útset lûd ferkundige dat der yn 'e Black Hills yndie goud wie, lokke er dêrmei de Goudkoarts fan de Black Hills út. De spannings tusken de blanken en de Sû rûnen op doe't fan gefolgen tûzenen goudsikers har op it lân bejoegen dat ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie oan 'e Sû taparte wie.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876[bewurkje seksje | edit source]

It Amerikaanske regear waard benammen troch ynklauwerige sakelju almar fierder ûnder druk set om 'e Black Hills iepen te lizzen foar kolonisaasje troch de blanken, en men siet yn Washington ek yn noed oer de berjochten dat de Sû, dêrta oanset troch û.o. Sittende Bolle, hieltyd faker groepen goudsikers oanfoelen en útmoarden. Yn novimber 1875 ferplichte it regear alle Sû-troepen bûten it Grutte Sû-reservaat om har binnen de grinzen dêrfan te fêstigjen, wylst it bêst wist dat lang net alle Sû har dêr wat fan oanlûke soene, en dat de Sû gjin sintraal gesach hiene dat de neilibbing fan sa'n dekreet ôftwinge koe. Per 1 jannewaris 1876 kwalifisearre it Ministearje fan Binnenlânske Saken as "fijannich" al dy Sû dy't har doe net yn it reservaat befûnen. Sadwaande stie it it Amerikaanske leger doe frij om Sittende Bolle syn Hûnkpapa en alle oare frije Lakota-troepen oan te fallen.

Sa begûn de saneamde Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Neffens histoarika Margot Liberty soe dy eins de Grutte Sjajinne-Oarloch hjitte moatten, mei't de Noardlike Sjajinnen al foar 1876 mei de Amerikanen yn steat fan oarloch ferkearden, en de Sû har eins by harren oansletten. Lykwols bestiet der gjin twifel oer dat Sittende Bolle, èk troch de Noardlike Sjajinnen en de Arapaho, as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Yndiaanske koälysje beskôge waard. Dat hie der ek mei te krijen dat hy it meast foaroansteande Lakota-opperhaad wie dat him nea yn in reservaat ûnder it gesach fan it Amerikaanske regear deljûn hie, sa't Gal fan 'e Hûnkpapa, Reade Wolk fan Oglala en Bûnte Sturt fan 'e Brulee nei 1868 wol dien hiene. Troch de hast folsleine útroeging fan 'e Amerikaanske bizon, wat in opsetlike strategy fan 'e Amerikanen wie om't hja wisten dat de Flakte-Yndianen fan dat bist ôfhinklik wiene foar harren fuortbestean, fielden de measte opperhaden dat se gjin oare kar hiene as har yn in reservaat nei wenjen te setten, sadat harren folk fan 'e blanken te iten krije soe. Sittende Bolle wegere lykwols stiiffêst om oan dizze sjantaazjepraktiken ta te jaan en libbe mei syn lytse Hûnkpapa-troep in isolearre en gauris hongerich bestean op 'e iepen flakten, wat syn faam ûnder de Yndianen fansels allinnich mar oanwaakse liet. Boppedat wied er ien fan 'e wichtichste sjamanen fan 'e Flaktestammen. Doe't yn 1875 de Noardlike Sjajinnen en de Hûnkpapa-, Oglala-, Sâns Ark- en Minnikonzjû-Lakota mei-inoar in kamp opslein hiene om dêr mienskiplik it religieuze ritueel fan 'e sinnedûns út te fieren, hie dat bliken dien doe't Sittende Bolle in iepenbiering of fizioen krige, wêrby't er útrôp "De Grutte Geast hat ús fijannen oan ús oerlevere. Wy moatte harren ferdylgje." Dat wie noch ear't dúdlik waard wa't de fijân wêze soe.

It slachfjild oan 'e Little Bighorn.

Nei't op 1 jannewaris 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek mei't it Amerikaanske leger doe de fersille Yndianetroepkes bûten de reservaten begûn oan te fallen, joegen almar mear dêrfan har by Sittende Bolle syn troep. Under harren wiene net inkeld Sû, mar ek in protte Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho. Ek út 'e reservaten kamen mear as 2.000 krigers om har by him oan te sluten. Uteinlik woeks Sittende Bolle syn doarp, oan 'e rivier de Little Bighorn, tsjin 'e ein fan 'e maityd oan ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, en der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols op 25 juny 1876 it Amerikaanske 7de Kavaleryregimint, ûnder generaal George Armstrong Custer, tsjin it doarp oan.

Custer hie gjin idee hoe grut oft it doarp wie, mar wachte net om dat út te finen. Ynstee foel er daliks oan. In wike foartiid hie Sittende Bolle fannijs it ôfgryslike ritueel fan 'e sinnedûns ûndergien, wêrby't er dagenlang fêste en mear as hûndert stikjes fleis út syn earms opoffere hie. Yn it fizioen dat er doe krigen hie, hied er sjoen hoe't Amerikaanske soldaten deade waarden wylst se besochten en kring it kamp yn. Dêrmei hied er syn status as geastlik liedsman nochris befêstige, en yn 'e Slach oan de Little Bighorn focht er dan sels ek net mei; hy brocht de tiid yn meditaasje en gebed troch. De Lakota-, Sjajinske en Arapaho-krigers, ûnder lieding fan opperhaden as Mâl Hynder, Gal en Twa Moannen, fochten fûleindich werom doe't Custer syn oanfal kaam, fuortsterke troch it tsjin dy tiid rûnom bekende fizioen fan Sittende Bolle. Troch de grutte fan it doarp die bliken dat Custer syn soldaten slim yn 'e minderheid wiene. De soldaten waarden weromkrongen nei in stikmannich heuveltoppen yn 'e neite fan it kamp, dêr't it grutste part fan it regimint, dat troch Custer sels oanfierd waard, besingele rekke en oant de lêste man omkaam.

De Yndiaanske oerwinning wie lykwols mar in koart libben beskern. Mei ûnder druk fan 'e skokte publike opiny yn it Easten sette it Amerikaanske regear in grutte troepemacht yn om Sittende Bolle en syn folgelingen derûnder te krijen. It earste healjier fan 1877 krigen de Yndianen bûten de reservaten it oeral slim te lijen. De Amerikanen wiene der fral hjit op om Sittende Bolle yn 'e hannen te krijen, dy't hja seagen as de foarnaamste ferantwurdlike foar de pynlike nederlaach dy't hja lit hiene. Tsjin maaie hie de ferfolging sokke foarmen oannommen dat Sittende Bolle twongen wie om mei syn Hûnkpapa-troep beskûl te sykjen yn Kanada.

De oarspronklike fortkommandantswente fan Fort Buford, dêr't Sittende Bolle him yn 1881 oerjoech.

Ballingskip en oerjefte[bewurkje seksje | edit source]

Sittende Bolle bleau goed fjouwer jier yn ballingskip yn 'e neite fan Wood Mountain, yn 'e provinsje Saskatchewan. Doe't er syn troep de grins oer late, waard er opwachte troch James Morrow Walsh, de kommandant fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e Royal Canadian Mounted Police (oftewol de Mounties, bekend fan harren felreade unifoarmjaskes). Dy wie útstjoerd om oan Sittende Bolle út te lizzen dat er him no op Britske grûn befûn, en dat er him sadwaande ek oan 'e Britske wetten hâlde moast. Dêrby lei er der de klam op dat ûnder de Britske wet eltse ûnderdien gelikens wie oan alle oaren. Dêr mocht Sittende Bolle wol oer, en Walsh en hy rekken goed befreone, wylst de plysjeman him ûntjoech ta in grut pleitbesoarger fan Sittende Bolle en dy syn saak.

Under syn ferbliuw yn Kanada kaam Sittende Bolle ek yn 'e kunde mei Kraaiepoat, in opperhaad fan 'e Swartfuotten, in grutte en ynfloedrike konfederaasje fan stammen yn 'e Amerikaanske steat Montana en oangrinzgjende dielen fan Kanada, dat erffijannen fan 'e Lakota en de Sjajinnen wiene. Sittende Bolle joech oan dat er graach frede tusken harren beide folken slute soe, en mei't Kraaiepoat sels in grut fredesstifter wie, griep dy dy kâns mei beide hannen oan. Hja smookten tegearre de fredespiip by wize fan it sluten fan in ferdrach, en Sittende Bolle wie sa ûnder de yndruk fan Kraaiepoat dat er ien fan syn soannen nei de man neamde.

Sittende Bolle en syn freon Buffalo Bill, yn 1885.

Fanwegen de lytsere bizonkeppels yn it kâldere Kanada wie it dêr foar Sittende Bolle en syn folk dreech om itende te bliuwen. Teffens waard er troch it koloniale Kanadeeske regear sêftkes oantrune om werom te kearen nei de Feriene Steaten, mei't fanwegen syn oanwêzigens yn Kanada de spannings tusken de beide lannen flink oprûn wiene. Uteinlik sette er him mei syn 186 lêste folgelingen wer op 'en paad nei it suden ta, en op 19 july 1881 joech er him yn Fort Buford, yn Montana, oer oan 'e Amerikaanske majoar David H. Brotherton, de kommandant fan dat fort. Twa dagen letter, nei't men om 'e nocht wachte hie op 'e restearjende leden fan Sittende Bolle syn troep, dy't him út Kanada wei folgje soene, mar dat net diene, waard it opperhaad mei syn folgelingen oerbrocht nei Fort Yates, fuort by it Standing Rock Agintskip, oan 'e hjoeddeiske grins tusken Noard- en Súd-Dakota.

Sittende Bolle-en-dy waarden dêre by de oare Hûnkpapa wei holden, om't de Amerikanen benaud wiene dat se foar swierrichheden soargje soene as har tastien wurde soe en kom mei de dêr fêstige Yndianen yn kontakt. Neffens folksteller William T. Selwyn, dy't harren yn augustus yn Fort Yates besocht, bestie de troep doe út 195 minsken. Koarte tiid letter waard Sittende Bolle lykwols mei 171 oaren op in steamboat oer de rivier de Missoury nei Fort Randall ta brocht, deunby it hjoeddeistige Pickstown, oan 'e (súdlike) grins fan Súd-Dakota mei Nebraska. Dêr waarden se tweintich moannen lang as kriichsfinzenen fêstholden, oant har yn maaie 1883 troch it Amerikaanske regear amnesty ferliend waard, en se weromkeare mochten nei it Standing Rock-agintskip. Letter dat jier giene der geroften dat Sittende Bolle bekeard wie ta it roomsk-katolisisme, mar neffens de Yndiaanske agint fan it Standing Rock Agintskip, James McLaughlin, wie dêr neat fanoan.

Wyldwestshow[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1885 krige Sittende Bolle fan it Amerikaanske regear tastimming en ferlit it reservaat om mei te dwaan oan 'e Wyldwestshow fan syn freon William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Buffalo Bill's Wild West Show wie oprjochte yn 1883, en wie in soartemint fariëtee of revu dêr't sa'n bytsje alle aspekten fan it Wylde Westen yn behannele waarden, mei it neispyljen fan ferneamde fjildslaggen (Cody spile sels de rol fan Custer), staaltsjes skerpsjitten en dramatyske demonstraasjes fan hynsteriidkeunst troch sawol wiere cowboys as echte Yndianen. Sittende Bolle wie sa ferneamd dat er $50 wyks fertsjinje koe troch neat oars te dwaan as by in foarstelling ien kear op syn hynder in rûntsje troch de sirkustinte te riden. It ferhaal giet dat er dêrby de blanke taskôgers yn it Lakota útflokte en de aaklikste ferwinskings nei de holle slingere wylst dy der entûsjast foar applaudisearren, mar neffens de histoarikus Robert M. Utley wie dêr neat fanoan en wierskynlik wie Sittende Bolle dêr boppedat de man net ta. Ynstee griep er de grutte belangstelling foar de show oan om taspraken te hâlden oer it belang fan ûnderwiis foar de lânseigen jongerein en oer fermoedsoening tusken blanken en Yndianen.

Wylst er op toernee wie mei Buffalo Bill, mette Sittende Bolle de skerpsjitster Annie Oakley, dy't ek oan 'e Wyldwestshow meidie. Hy rekke sa ûnder de yndruk fan dat dimmene, behindige fanke en har feardigens mei revolvers en gewearen, dat er in fotograaf $65 betelle om mei har op 'e foto te gean. Uteinlik naam er har sels oan as dochter, en joech er har in Lakota-namme dy't oerset waard yn it Ingelsk as Little Sure Shot ("Lytse Rekkesjitster"), in namme dy't Oakley oan har dea ta brûkte njonken har bertenamme.

De hantekening fan Sittende Bolle.

Sittende Bolle bleau fjouwer moanne by de Wyldwestshow ear't er wer op hûs oan gie. Yn dy tiid waard er troch it blanke publyk behannele as in ferneamd persoan en it romantisearre toanbyld fan 'e nommele wylde. Hy fertsjinne in lyts fortún troch de lju betelje te litten foar syn foto en hantekening, hoewol't er dat jild gauris wer weijoech oan dakleazen en bidlers. Hy koe him mar net begripe hoe't de blanken de swakkeren yn harren maatskippij sa oan har lot oerlitte koene. Tsjin Annie Oakley murk er ris op: "De blanke wit hoe't er fan alles meitsje moat. Mar hy wit net hoe't er it ferpartsje moat."[1]

Lêste jierren en dea[bewurkje seksje | edit source]

Nei't er yn it reservaat weromkeard wie, libbe Sittende Bolle dêr noch in jier as fiif yn relative frede. Yn 1889 ûntnadere it Amerikaanske regear de Sû harren grutte reservaat, naam mear as de helte dêrfan sels yn besit en dielde de rest op yn in stikmannich lytsere reservaten. De Yndiaanske agint te Standing Rock, James McLaughlin, soarge derfoar dat Sittende Bolle pas hearde fan 'e gearkomste dêr't dat allegear op bepankoekbakt waard, nei't it pleit al besljochte wie.

It tinkteken by it grêf fan Sittende Bolle, by Mobridge, yn Súd-Dakota.

Yn 1890 begûn de nije religy fan 'e geastedûns (ghost dance) him ûnder ynfloed fan 'e Pajût-profeet Wovoka ûnder de Yndianen te fersprieden. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It wie it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Yndiaansk agint McLaughlin tekene in arrestaasjebefel foar Sittende Bolle, mei't men fermoede dat hy by beweging belutsen wie, of oars dat er him der mei koarten by jaan soe. It plan wie dat luitenant Henry Bullhead mei syn Yndiaanske plysje op 15 desimber 1890 by moarnsdage Sittende Bolle syn kamp ynkringe soe en mei him útnaaie soe ear't de rest fan it kamp goed en wol wekker wie.

Moarns om healwei seizen waard de wente fan Sittende Bolle besingele troch 39 Yndiaanske plysjes en fjouwer frijwilligers. Hja krongen deryn troch en fertelden it âld opperhaad dat er yn 'e hechten set waard. Dêrop brochten se him nei bûten ta. Wylst it kamp wekker waard en de plysjes almar senuweftiger, oardere Henry Bullhead Sittende Bolle om op te stiigjen op in hynder dat se foar him meibrocht hiene. Doe't Sittende Bolle dat wegere, waard er mei hurde hân op it hynder twongen. Dy behanneling makke syn folgelingen poerrazen, en in kriger dy't Fang-de-Bear hiet, skoudere syn gewear en skeat Bullhead del. Dêrop skeat dy Sittende Bolle yn it boarst. In oare plysje, Reade Striidbile, skeat it opperhaad yn 'e sydkant fan 'e holle, en Sittende Bolle foel swier ferwûne op 'e grûn. Der ûntstie in fûleindich fjoergefjocht, wêrby't seis plysjes daliks deasketten waarden, wylst nochris twa koarte tiid letter oan harren ferwûnings beswieken. Ek Sittende Bolle syn soan Kraaiepoat en seis oaren fan syn folgelingen kamen om. It opperhaad sels stoar de folgjende middeis tusken tolven en ienen.

It stoflik omskot fan Sittende Bolle waard oerbrocht nei Fort Yates, dêr't it yn in troch legertimmerlju makke deakiste pleatst en begroeven waard. Yn 1953 groeven syn neikommelingen wat nei bêste witten syn lichem wie op, en werbegroeven it yn 'e neite fan Mobridge, yn Súd-Dakota, wat syn (mooglike) berteplak wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Brown, Dee, Bury My Heart at Wounded Knee: An Indian History of the American West, Londen, 1991 (Vintage), ISBN 978-0 09 95 26 407 (oarspr. útj. 1970); s. 427.

Boarnen
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.