Sirum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sirum of Koreaansk Wrakseljen is in foarm fan Gurlwrakseljen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Sirûm hat in tige âlde oarsprong. Grêven fan de Koreaanske Goerjeo-dynasty hawwe al muorreskilderings fan de sport, benammen de Wrakselderstombe út, nei gedachten, de 4e ieu.

Dizze wrakselsport hat him yn Korea ûntwikkele as in tradysje; Sirumwedstriden waarden holden op de ferskate feestdagen, benammen op it Maaiefeest, Dano. De sterkste jongelju wrakselen oant der ien oerbleau, de Tsjangsa - de "atleet" of de "sterke man", yn oare sporten de kampioen. De tradysjonele priis foar de tsjangsa wie in okse.

Njonken dizze tradysjonele wedstriden wienen Sirumwedstriden ek part fan de militêre trening.

Moderne sport[bewurkje seksje | edit source]

Mei de yndustriële ûntjouwing fan Korea is it Sirum in echte sport wurden. Sûnt 1912 is Sirûm in wedstrydsport en sûnt 1936 hâldt de Koreaanske Sirum Federaasje in nasjonaal kampioenskip. Foar dizze wedstriden waard de satpa ûntwikkele, in gurl dy't itselde hâld jaan moast as de klean yn de tradysjonele wedstriden. Hiel de 20e ieu wienen der lykwols ferskate stilen fan gebrûk fan de satpa, en dêrmei ferskillen yn fjochtstyl. Yn 1994 is de sport ta ien inkelde styl gearbrocht.

Regels[bewurkje seksje | edit source]

Twa fjochters fjochtsje yn in sirkel, op in dikke laach sân. Beide wrakselders hâlde de satpa fan de oare fêst, in stik stof dat in riem en bilskonken beklaaie. Mei brûk fan de krêft fan hannen, skonken en rêch, besykje beide om de tsjinstanner omleech te twingen oant er it sân rekket mei in part fan it lichem boppe de knibbel. Mar der binne ek techniken dêr't krekt de krêft fan de tsjinstanner dêrta brûkt wurdt. At ien fan beiden út de ring treaun wurdt, of it hâld op de satpa kwytrekket, dan begjint de partij op 'e nij.

De swiergewichtklasse fan it Sirum begjint by 80 kg, mar in sirumwrakselder is almeast 100 oant 150 kg en 1,80 oant 2 m. Op it earste each soe dat in tige stadige sport betsjutte, mar it Sirum wurdt hiel fluch fochten. De wedstriden lûke grutte tallen minsken krekt fanwegen dy faasje; in wrakselder kin mei in slagge technyk ynienen de oare ûnderúthelje en in punt fertsjinje. Almeast wurdt der wraksele om trije punten.

Ien fan de grutste wrakselders fan it Sirum is Li Man-ki dy't yn de tachtiger jierren fan de 20e ieu ferskate kearen de titel fan tsjangsa wûn hat, wêrtroch der in gruttere ynteresse yn de sport kaam is. Nei syn tiid is de sport lykwols wer werom rûn, en it is no sa dat de beropswrakselders it Sirum ferlitte om te besykjen mei Mingde Fjochtskeunsten har brea te fertsjinjen.