Sintraal Buro foar Genealogy
It Sintraal Buro foar Genealogy (CBG)[1]waard op 15 maaie 1945 oprjochte mei as doel om de protte Nederlânske genealogyske samlingen, dy't sûnt de 19e ieu oanlein wienen, ûnder ien dak te bringen. De politikus en bestjoerder jhr. mr. dr. E.A. van Beresteyn (1876-1948) wie ien fan de oprjochters.
Yn't earstoan wie it CBG festige yn in statich pân oan de Nassauleane yn De Haach. Letter krige it plak yn it kompleks by it stasjon De Haach Sintraal, dêr't ek it Nasjonaal Argyf en de Keninklike Bibleteek ûnderbrocht binne.
Mei stipe fan it Ryk en partikulieren kriget it CBG in soad samlingen en is it ek in kennis- en dokumintaasjesintrum foar genealogy yn Nederlân. Neist har eigen genealogyske en heraldyske kolleksjes hat it CBG ek kolleksjes fan it Ryk, fan it Keninklik Nederlânsk Genoatskip foar Geslacht- en Wapenkunde en oaren, op'e noed. In bysûndere samling is dy fan persoanskaarten en -listen, de opfolgers fan it befolkingsregister. Fan hast alle persoanen dy't nei 1938 ferstoaren, is in persoanskaart (of sûnt 1994 in persoanslist) op te freechjen.
It CBG is boppedat de útjouwer fan de rigen Nederlân's Adelsboek en Nederlân's Patrisiaat - ek wol 'reade boekje', respektyflik 'blauwe boekje' neamd, nei de kleur fan it omslach; sy ferskine jierliks.
It CBG die en docht mei oan de televyzjeprogramma's Allemaal Familie en Spoorloos.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|