Sintraal stasjon

Ut Wikipedy
Stasjon Arnhim Sintraal
Sintraal stasjon (Spoarstasjons yn Nederlân)
Amsterdam
Amsterdam
Utert
Utert
Rotterdam
Rotterdam
De Haach
De Haach
Leien
Leien
Arnhim
Arnhim
Amersfoart
Amersfoart
Eindhoven
Eindhoven
Lokaasjes Sintraal stasjons

In sintraal stasjon is in treinstasjon dêr't by de oanlis de spoarlinen byelkoar brocht binne dy't earder eigen kopstasjons hienen. Dêrmei is in sintraal stasjon ornaris ek in haadstation, mei gefolch dat somtiden ek in haadstasjon oantsjut wurdt as sintraal stasjon. Yn Fryslân binne gjin stasjons sa oanlein; at Stasjon Ljouwert oantsjut wurdt as "Ljouwert CS", dan wurdt yndie doele op de status fan haadstasjon.

Mei om't oan in stasjon letter net mear te sjen is of it oanlein is as sintraal stasjon, is de Nederlandse Spoorwegen der in 1997 op oer gongen om stasjons mei mear as fjirtichtûzen yn- of útstappers deis de oantsjutting "sintraal" (Centraal) te jaan. Dat, dêrmei is dat in oantsjuting fan in drok stasjon wurden.

Nederlân telt yn 2023 acht sintrale stasjons: