Sint-Piter

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Sint Piter")
Gean nei: navigaasje, sykje

Sint-Piter is in feest dat alle jierren op 21 febrewaris yn Grou fierd wurdt. It feest wurdt faak mei Sinteklaas fergelike, mar it is in oar feest, net allinnich wat datum, mar ek wat opset oangiet.

Oarsprong fan Sint-Piter[bewurkje seksje | edit source]

Der is in moai ferhaal oer de bruorren Sint-Niklaas en Sint-Piter, dy't alle jierren op 5 desimber tegearre nei Nederlân kamen mei presintsjes, oant de kear doe't se de sek foar Grou ferjitten wienen, en Sint-Piter werom gong, en sa einlings earst yn febrewaris in Grou oankaam. Mar de oarsprong fan it feest is dochs wat oars.

Ear't Fryslân kerstene waard, koe men yn Fryslân it Maitiidsfeest. Om't de tsjerke heidenske feesten ferfong troch kristlike feesten waard it maitiidsfeest feroare ta it feest fan Sint-Petrus.

Mei de ieuwen is it feest, it Sint-Piterfeest, hast oeral út de moade rekke, mar yn Grou is it bleaun. Krekt wêrom dat sa wie is net dúdlik. Faaks om't Sint-Petrus, de patroan fan Grou wie. (Grou hat hieltyd noch in Sint-Pitertsjerke). Faaks ek wie Grou sa isolearre troch it wetter dat âlde brûken dêr net sa maklik troch oare ferfongen waarden.

Feroarjend Sint-Piterfeest[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 19e ieu wie de Sint-Piter ien dy't troch it doarp gong mei in keatling oan 'e foet en mei in duffelske jas oan, mei op dy jas snobbersguod en fruit. As er dan in wente yn gong, koenen de bern der wat fan ôf helje. En dan gong er wer fierder.

Mar oan it begjin fan de 20e ieu wie der eins net sa folle mear oer fan it Sint-Piterfeest. Doe hat in beukerjuffer út Grou, juffer Jansen, de hjoeddeiske Sint-Piter betocht, mei syn sêfte wite burd, syn wite tabbert en reade miter en syn stêf, en ek it ferhaal oer de twa bruorren. No komt Sint-Piter alle jierren mei de boat oan, tegearre mei in swarte feint, en hy rydt op in swart hynder troch it doarp. Yn it ferline wie dy oankomst op 21 febrewaris, mar sûnt 1971 komt Sint-Piter yn Grou oan op de sneon foar syn nammedei.

Sint-Piter yn Grou[bewurkje seksje | edit source]

Hjoeddeisk wurdt der yn Grou in soad dien foar it Sint-Piterfeest. Sa fiere de skoallen, sûnt 1958, in drok-besocht Sint-Pitermearke op. En om dat mooglik te meitsjen is der in Sint-Piterbeurs, dêr't moais en lekkers dat de Grousters sels makke hawwe ferkocht wurdt. De winkels yn it doarp dogge ek mei. Net allinnich mei Sint-Piterfersiering en muzyk, mar ek trochdat skuontsjes fan de bern yn it doarp yn de winkel-etalaazjes set wurde mei in ferrassing der yn. De bern hawwe sa alle jierren in moaie speurtocht en sykje harren skuon.