Sint Nicolaas (Arûba)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arûba

Sint Nicolaas of San Nicolas is in plak yn it súdeasten fan Arûba. Sint Nicolaas leit 19 kilometer súdeastlik fan Oranjestêd. It is Aruba's op ien nei grutste plak.

Oaljeraffinaderij[bewurkje seksje | edit source]

De stêd hat sûnt 1924 in oaljeraffinaderij, dy't in soad minsken wurk jout. De raffinaderij is fan Valero, in Teksaansk bedriuw. Valero hat teffens 11 tankstasjons op it eilân. De raffinaderij produsearret 275.000 fetten deis.

Yn de Twadde Wrâldkriich is de raffinaderij om 'e nocht oanfallen troch de Dútsers, it slagge harren wol om in stik as wat tankers sinke te litten. De raffinaderij wie doetiids yn hannen fan Lago Oil.

Nei de oarloch hat de raffinaderij der foar soarge dat Arûba it ekonomysk tige goed die yn de Kariben. De raffinaderij soarge foar in soad wurk en hie wurknimmers út goed 50 lannen. Omdat it om in bedriuw út de Feriene Steaten gie, arbeiden der in protte Amearikanen. De Amerikanen wennen meast yn it tichteby lizzende plak Seroe Colorado, dêr't mânske huzen set waarden. Nei't it bedriuw yn 1986 Arûba ferliet, mei omdat de raffinaderij ferâldere wie, gienen de wurknimmers ek fuort en waard Seroe Colorado in soarte fan spoekdoarp mei leechsteande fertutearze filla's.

Yn 1991 waard de raffinaderij op 'en nij iepene, no troch Coastal Oil Company. Yn 2004 waard de lieding oernaam troch Valero en dat is sa bleaun.

Prostitúsje[bewurkje seksje | edit source]

Sint Nicolaas is it iennige plak op Arûba mei legale prostitúsje, yn de jierren 70 en 80 ûnstien om de meast bûtenlânske wurknimmers fan de oaljeraffinaderij te geriivjen.