Sint John's (Antigua en Barbûda)
| Sint John's | ||
| Sint John's | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 31.000 (2005) | |
| Oerflak | 10 km² | |
| Befolkingstichtens | 3.100 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Antigua en Barbûda | |
| Oar | ||
| Stifting | 1632 | |
| Tiidsône | AST (UTC-4) | |
| Koördinaten | ||
Saint John's is de haadstêd fan de Karibyske eilannekloft en lân Antigua en Barbûda.
St John's is it kommersjele sintrum fan it lân en de meast wichtige haven fan it eilân Antigûa. Dêr wurdt sûker, rum en katoen útfierd.
Sûnt de komst fan de earste Britske kolonisten yn 1632 is Sint John's it administrative sintrum fan Antigua en Barbûda. Yn it earstoan kamen de bewenners fan de nije delsetting fan Sint Kits en Nevis, fan 1663 ôf kamen sy ek út Ingelân wei dêrhinne. Yn de 18e ieu waard de stêd it haadkertier fan de op de Antillen stasjonearre Keninklike Float. Doe't Antigua en Barbûda yn 1981 ûnôfhinklik waarden, festige it regear him ek yn Sint John's.
Sint John's hat in anglikaanske katedraal (St. John the Divine, boud yn 1683, en op'en nij boud yn de 19e ieu) en in Paleis fan Justysje út 1747. De restanten fan Fort James datearje út 1703.
It fleanfjild fan Saint John's leit 8 km noardeastlik fan de stêd en hjit V.C.Bird Airport.
Stedebân [bewurkje seksje]
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- (in) Kaart fan St John's Antigua Fan Paradise Islands (net kommersjele webside)
- (in) Kaart fan St. John's by Caribbean-On-Line.com
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory St. John's, Antigua and Barbuda fan Wikimedia Commons. |