Sint George's

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint George's
StGeorgesGrenada2000.jpg
Sifers
Ynwennertal 4.500 (2000)
Polityk
Lân Grenada
Parish Sint George
Oar
Stifting 1650
Tiidsône UTC-4
Koördinaten
Lokaasje St. George's op Grenada

Saint George's is de haadstêd fan Grenada. De troch de Frânsen yn 1650 stifte stêd leit oan in lytse baai. It strjitbyld wurdt behearske troch gebouwen út de koloniale tiid. De stêd wurdt omjûn fan de skeanten fan in âlde fulkaan.

De stêd is in populêre toeristebestimming [1] dy't tûzenen toeristen, cruiseskippen en pommeranten lûkt. De stêd hat har tige ûntjaan kinnen de lêste jierren, mei behâld fan syn skiednis, kultuer en natuerskientme. Yn Sint George's is in universiteit festige, St. George’s University School of Medicine. De wichtichste eksportprodukten binne kakaobeannen, nútmuskaat en foelje.

Grenada hat in myld tropysk klimaat dêr't speserijen it tige goed dogge. Nútmuskaat is it wichtichste lânbouprodukt, folge troch in ferskaat oan oare speserijen sa as kakoa, foelje, nagel, fanille, kaniel en gember.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]