Sint-Omaars
Ut Wikipedy
| Sint Omaars Saint Omer |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 15.777 (2006) | |
| Oerflak | 16,24 km² | |
| Befolkingstichtens | 916 / km² | |
| Hichte | 0-27 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Frankryk | |
| Departemint | Pas-de-Calais | |
| Arrondisemint | Saint-Omer | |
| Oar | ||
| Stifting | 7e ieu | |
| Webside | Stêd Sint-Omaars | |
Sint-Omaars is in plak en gemeente efkes besuden Duinkerken op de grins tusken Frânsk-Flaanderen en Arteesje (Artois), oan de rivier de Aa en it Kanaal fan Neuffossé. De stêd hat in oerflak fan 16,59 km2 en hat sa'n 15.000 ynwenners. Sint-Omaars is in regionaal fersoargings- en kultuersintrum (mei skoallen, merk, musea) mei wat yndustry (ûnder oaren tekstyl, fiedingsguod, glês, masines).
Ut de skiednis [bewurkje seksje]
Fan 1787 - 1795 wie it in taflechtsoarde fan de nei it esjek fan Frjentsjer flechten Fryske patriotten, dêrûnder Court Lambertus fan Beyma en Johannes Valckenaer.
Ferneamde persoanen Sint-Omaars [bewurkje seksje]
- Audomar (* 600; † 670) wie biskop fan Thérouanne en waard ûnder de namme Saint Omer hillige.
- Gottfried fan Saint-Omer, meistifter fan de oarder fan de Timpeliers yn 1118.
- Victor-Jules Génisson (St. Omaars, 24 febrewaris 1805 - 1860), keunstskilder
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint-Omer fan Wikimedia Commons. |