Sint-Martinustsjerke (Boazum)

Ut Wikipedy
Martinustsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Boazum
koördinaten 53° 05' N 5° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8473[1]
Webside
PKN Streekgemeente Slachsang
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is in yn de 12e iuw boude tsjerke yn it doarp Boazum. De Martinustsjerke is ien fan de tsjerken fan de PKN-gemeente 'De Slachsang'.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fanút it suden

It âldste diel fan de tsjerke is it yn 'e 12e iuw boude koer. Dêrnei waard it skip boud en it koer ferhege. De sealtektoer is letter boud yn de 13e iuw. De bûtenmuorren fan de tsjerke binne fan dowestien. De toer is foar it grutste part fan bakstien, mei inkele dielen fan dowestien. De tsjerke hat romaanske rûnbôgefinsters mar ek letter oanbrochte goatyske spitsbôgefinsters. Nei alle gedachten is de toer troch de dûbele rige galmgatten letter nochris ferhege.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it eastlike koer binne by de restauraasje fan 1941 ferwulftskilderingen foar it ljocht helle. De skilderingen komme út de 13e iuw. Op it ôfbyld is in jonge troanende Kristus te sjen, in saneamde "Majestas Domini". Hy stiet mids de symboalen fan de fjouwer evangelisten, de minsk of ingel fan Matteüs, de liuw fan Marcus, de bolle fan Lukas en de earn fan Johannes. Oan beide kanten fan Kristus steane fjouwer bylden fan hilligen.

De tsjerke hat in 17e-iuwske preekstoel, in 18e-iuwsk doopstek en twa hearebanken.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel komt út de 18e iuw en is makke troch de oargelbouwer Gottlieb Heineman. Heineman wie in oargelbouwer dêr't fierder net in soad oer bekend is. Doe't er op 13 desimber 1783 it kontrakt foar de bou fan it oargel tekene wenne hy yn Ljouwert. Hy ferfear sûnder it oargel ôf te meitsjen nei Amsterdam dêr't net in soad mear fan him heard waard. It wurk waard yn 1785 troch de Eastfryske oargelbouwer Rudolf Knol oernommen, in feint fan Heineman dy't yn 1788 it oargel foar Wiuwert en letter ek oargels op oare plakken bûten Fryslân boude. Knol hat it oargel net allinne foltôge, hy hat it ek neffens eigen konsept feroare. It fykwurk waard makke troch de yn Ljouwert wenjende Italjaan Antonio Solaro. Op 29 july 1791 waard it oargel oplevere.

Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 2012 en hat de 20e-iuwske feroarings oan it ynstrumint dêrby weromdraaid.[2]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouweerij Noordboek, ISBN 978 9033005589