Sint-Jansberchkleaster

Ut Wikipedy
Sint-Jansberchkleaster
Kleaster op in kaart fan Jacob van Deventer út 1560

It Sint-Jansberchkleaster of Hospitaalkleaster (offisjeel: Hospitaal van den Sint Jansberg, ek wol Berchkleaster, yn de folksmûle Johanniterkleaster) is in earder kleaster yn de stêd Snits. It kleaster stie op it plak dêr't no it Algemiene Begraafplak is.

It kleaster wie in kommanderij foar manlju, bewenne troch Johanniters. It kleaster is ûntstien tusken 1284 en 1317 op in terp dy't, destiids, bûten de stêd lei. De Johanniters húsden hjir tusken ± 1300 en 1580. It kleaster stie bekend fan wege har grut grûnbesit, dat rûn oant Iemswâlde en Oazingahuzen. Dêrneist waard it patronaatsrjocht fierd oer ferskate tsjerken (oant yn Boalsert ta).

De gebouwen fan it kleaster waarden yn 1572, yn de Tachtichjierrige Oarloch, ôfbrutsen troch boargers. De broeders ferhuzen hjirop nei in lokaasje binnen de stêd. Op diizze nije lokaasje, oan de Krusebruorrestrjitte, is letter it Krusebruorrekleaster Jeruzalim stifte.

Tsjintwurdich binne de strjitten yn De Loaten en de Noardeasthoeke nei it kleaster ferneamd. Ek de namme fan de buert Spitaal is ôflaat fan it Hospitaalkleaster.