Sint-Benediktustsjerke (Damwâld)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint-Benediktustsjerke

De Sint-Benediktustsjerke is in oarsproniklik romaanske tsjerke yn Damwâld. It doarp Damwâld telt twa oarspronklik romaanse tsjerken, de Sint-Benediktustsjerke yn it eardere Dantumawâld en de Sint-Bonifatiustsjerke yn it eardere Moarrewâld. Beide doarpen waarden yn 1971, mei Ikkerwâld gearfoege ta it hjoeddeiske Damwâld.

De Benediktustsjerke waard op de ein fan de 12e ieu boud fan dowestien. De toer waard der yn de 13e ieu foar setten. Yn de rin fan de tiid binne der in soad grutte feroarings komd, wêrtroch't it romaanske karakter fan de tsjerke diels ferlern gien is. De toer, mei sealdak, wie oarspronklik ynpannich, mar kaam, nei in ferlytsing fan it skip, wer bûten de tsjerke te stean. It koar is fan 1775.

Yn de tsjerke sitte fjouwer skildere cartouches út 1599 mei sitaten út de bibel. Dizze skilderingen binne unyk en waarden skonken troch de út Jever kommende predikant Thomas Johannes Jeverensis.[1] Dizze predikant wie yn 1597 út East-Fryslân wei nei Dantumawâld komd en gie yn 1606 wer neir Gruttegast.[2] De tsjerke hat in oargel dat boud is troch Albertus Antoni Hinsz.

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

*Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589

  1. Karstkarel, P. 2007:79
  2. Dantumawoude Hervormde Gemeente