Sint-Marten (dei)
Sint-Marten, 11 novimber, is de nammedei fan Martinus fan Toers.
Optocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn tal fan plakken yn Nederlân wurdt op Sint-Marten jûns in Sint-Martensoptocht hâlden. Alle bern rinne mei in, meastal sels-makke, lampioen yn optocht efter de muzyk oan. Dêrnei geane de bern mei harren lampioens de doarren bylâns, en sjonge Sint-Martensferskes, dêr't se dan fruit of snobbersguod foar krije.
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It feest is nei alle gedachten fan foar-Kristlike oarsprong. It soe ûntstien wêze kinne as in Germaansk feest foar Weda, of mooglik as Keltysk fruchtberens-ritueel. It leit likernôch healwei de hjerst, en waard beskôge as de ein fan it simmer-healjier. Nei Sint-Marten koe it fee net mear yn 'e greide, dat it waard op stâl set of slachte. Ek waard sein dat Sint-Marten it begjin wie fan de guozzetrek.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân waard it Sint-Martensfeest benammen yn de Wâlden fierd. Yn mid-Fryslân waard earder ek wol in Sint-Martensfjoer baarnd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Maarten, side fan it Meertens-instituut (Nederlânsk)