Sing-Sang

Ut Wikipedy

Sing-Sang is in syddyk fan de Langewyksewei eastlik fan Bontebok en besuden Jonkerslân. De namme 'Sing-Sang' soe in oanwizing wêze kinne foar de fûgelrykdom yn de omkriten. De Sing-Sang-brêge leit oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart tsjinoer de achtste wyk.

De Zingzang, Sinck sang of Sing Sang wie in stik minne feangrûn yn de Kompanjy. It lei op de grins fan Opsterlân en Skoatterlân tichtby de brêge. De oanlizzende stikken lân waarden ôfgroeven foar turfwinning. De Kompanjons kochten yn 1697 it rjocht om dêr de bonkierde fan de stikken lân derneist op te stoarten. Se kochten it fan Bondina Brugts, húsfrou fan Adolphus Alsem, dy't op Veenenburg wenne. Dit bûten Veenenburg stiet op de kaart fan Schotanus (1718) oan de noardlike bocht fan de Eilewyk.