Simon van der Stel

Ut Wikipedy
Simon van der Stel troch Pieter van Anraedt[1]

Simon van der Stel (Mauritsius, 14 oktober 1639Kaapstêd, 24 juny 1712) wie in Nederlânsk ûntdekkingsreizger en kolonist. Hy kin beskôge wurde as ien fan de grûnlizzers fan de Súdafrikaanske wynbou. Hy wie kommandeur fan de Kaapkoloanje, letter waard hy dêr ek gûverneur.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut Constantia.

Van der Stel waard berne op see, dat barde op 14 oktober 1639 op it skip Cappel, yn de omkriten fan Mauritsius.[2] Syn heit, Adriaan van der Stel, wie oansteld as kommandeur fan Mauritsius, en wie mei syn frou ûnderweis nei it eilân om syn amt op him te nimmen. Adriaen van der Stel wie in graach sjoene amtner fan de Feriene Eastynjeske Kompanjy, hy wie troud mei Maria Lievens, in frou dy’t Maleisk bloed yn har hie. Adriean van der Stel waard nei in pear jier oerpleatst nei Seylon, wêr’t hy yn 1646 troch ynboarlingen fermoarde waard, syn frou stoar yn 1649. [3]

De jonge Van der Stel bedarre doe yn Batavia, wêr’t hy oant syn tweintichste bleaun. Werom yn Nederlân kaam hy yn it besit fan twa wynfjilden by Muiderberg.

Simon van der Stel hat yn Amsterdam op skoalle sitten, hjir troude hy letter mei Johanna Jacoba Six (1645-1700). Van der Stel en Six krigen tegearre seis bern, mar in lokkich houlik wie it net en sy soe letter net meigean nei de Kaap. Har suster, Cornelia, gie wol mei, lykas fjouwer fan syn bern.[4]

Yn de Frânsk-Nederlânske Oarloch fan 1672 oant 1679 tsjin Ingelân en Frankryk wie Van der Stel kaptein.

Wylst hy net yn tsjinst wie fan de FEK waard hy yn 1679 troch de Hearen XVII, it sintrale bestjoer fan de FEK, dochs foar it bedriuw de kommandeur fan de Kaapkoloanje, dat doe noch in lytse delsetting wie.

Yn de simmer fan 1679 ûndernaam hy in ûntdekkingstocht nei it noarden en it easten. By de Eerste Rivier fûn hy tige fruchtbere grûn, lizzend yn in delte. Hjir soe hy de nei him neamde delsetting Stellenbosch stiftsje.

In wynfjild by Grut Constantia.

Yn 1685 waard him op oanrikkemandaasje fan Ryckloff fan Goens, in hege FEK-amtner, in stik lân op likernôch 20 kilometer fan it fort De Goede Hope tasein. De pleats dy’t Van der Stel op it lân bouwe liet krige de namme Constantia, nei alle gedachten nei de namme fan de dochter fan Van Goens, Constantia Louiza (berne yn 1679). [5] Tsjintwurdich is it ferneamd as Grut Constantia. De wyn út it gebiet wie om 1800 hinne tige populêr.[6]

Tegearre mei de apteker Hendrikus Claudius gie hy fan 1685 oant 1686 op ekspedysje nei de Koperbergen yn Namaquelân yn it hjoeddeiske Namybje. Hy wie tige ynteressearre yn de oanlis fan wynfjilden en it meitsjen fan likeuren. Oan de foet fan de Tafelberch lei hy in botanyske tún oan dy’t lange tiid syn gelikense net hie yn de wrâld.[7] Der waarden ferskate siedden en planten opstjoerd nei Joan Huydecoper van Maarsseveen (junior), syn neef en kommissaris fan de Hortus Botanicus Amsterdam.[8] Yn 1688 stjoerde hy santjin kisten mei plantemateriaal nei Nederlân, dy’t bestimd wienen foar de steedhâlder Willem III, Gaspar Fagel en de Hortus Botanicus. Earder krige Fagel de gûverneur fan de Kaap sa gek dat dizze yn de FEK-tún op Kaap de Goeie Hope kaniel-, krûdnagel-, en kaanferbeammen foar him plantte, dy’t hjir in skoftke omwenne koenen, wêrnei’t se nei Nederlân ferskipt waarden. Nederlân hawwe se nei alle gedachten nea helle, wierskynlik waarden se yn 1684-1685 by in ynspeksje fan Rijklof van Goens jr. fernietige.[9]

Fan grut belang by de oanlis fan de Kruidtuyn wie Hendrik Adriaan van Rheede tot Drakenstein, dy’t de Hortus Malabaricus bouwe liet.

Printsje fan Groot Constantia út 1710.


Op 13 april 1688 kamen de earste Hugenoaten út Frankryk yn de koloanje oan. Se krigen lânbougrûn yn benammen de Franschhoek. Fan harren kennis fan de druvekultuer en de fan wynmakkerij wurdt ek no noch altyd brûk makke. Under Van der Stels liederskip groeide de koloanje stadichoan út en op 1 juny 1691 waard hy befoardere ta gûverneur.

Op 11 febrewaris 1699 stoppe hy as gûverneur. Op syn wynpleats Grut Constantia, joech hy syn funksje oer oan syn soan Willem Adriaan van der Stel.

Van der Stel wie de earste ‘kleure’, hy wie ommers de soan fan in mem mei Maleisks bloed, gûverneur fan de Kaapkoloanje. In feit dat yn de tiid fan de apartheid nea tajûn waard

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan Van der Stel komt noch geregeld werom yn Súd-Afrika. Sa is de stêd Stellenbosch nei him neamd. Ek Simons Town hat syn namme. Troch Súd-Afrika hinne binne ferskate diken nei him neamd. Yn Stellenbosch is ûnder oare de krikketklup nei him ferneamd.

Yn 2008 is de Simon van der Stel Stichting stifte. Dizze stifting hat as doel op oprjochtsjen fan in boarstbyld fan Van der Stel. It byld moat yn Stellenbosch komme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.wine.co.za/news/news.aspx?NEWSID=20570
  2. Simon van der Stel (1639 1712), Groot Constantia (sjoen op 7 novimber)
  3. Simon van der Stel (1639 1712), Groot Constantia (sjoen op 7 novimber)
  4. Simon van der Stel (1639 1712), Groot Constantia (sjoen op 7 novimber)
  5. Simon van der Stel (1639 1712), Groot Constantia (sjoen op 7 novimber)
  6. Vakantie in de Kaap, Victory Wines
  7. Gouverneur Willem van der Stel laat weer van zich horen
  8. Jan Commelin en oprichting van de Hortus
  9. Den Hartog, E. (2006), Leeuwenhorst, een buitenplaats van wereldformaat, Kernpunten... 67