Simon van Slingelandt

Ut Wikipedy
Simon van Slingelandt

Simon van Slingelandt (Dordrecht, 14 jannewaris 1664 - Den Haach, 1 desimber 1736) wie fanôf 1727 oant syn dea yn 1736 riedspensjonaris fan Hollân.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simon van Slingelandt wie de soan fan Govert van Slingelandt, hear fan Dubbeldam (1623-1690), pensjonaris fan Rotterdam en ambassadeur yn Prusen, Sweden, Poalen (1656) en Denemark (1659). Hy wie ek sekretaris fan de Ried fan Steat yn 1664.[1]

Foardat er riedspensjonaris waard skreau Van Slingelandt ferskate rapporten as tarieding fan de Tweede Grote Vergadering . Hy sloech foar om ‘’Raad van State’’ út te bouwen ta in sintraal regearorgaan mei mear macht Hy wie oertsjûge fan de needsaak om de macht fan provinsjes en stêden te beheinen. De Grutte Fergadering wie lykwols tsjin syn plannen dat it is neat wurden.

Van Slingelandt siet as riedspensjonaris fan Hollân, it wichtigste gea, yn it sintrum fan de macht. Hollân brocht nammentlik sechtich prosint fan de belêstingen op. Hy wie fierders republikein en wie tsjin it Hûs fan Oranje as sintrale machthawwer. Hy wie ek in grut foarstander fan in alliânsje mei Grut Brittanje om’t er miende dat de Republyk fan de Feriene Nederlannen oars net oerlibje koe. Yn 1732 wie er fredesbemidler tuske Grut-Brittanje en Eastenryk en yn 1736 tusken Frankryk en Eastenryk.

Simon van Slingelandt hat troud west mei Susanna de Wildt (1666-1722) en mei syn tsjinstfaam Johanna Margaretha van Coesvelt, (1726-1736)

Ynfloed nei syn dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Slingelandt syn ydeeën waarden letter oernaam troch de Patriotten. Yn 1784-5 waarden syn Steatkundige geskriften útjûn. Dy hawwe oan de ein fan de 18e iuw in soad ynfloed hân. Yn de 19e iuw is Thorbecke tige beynfloede troch Slingelandt's poliyike tinken. Yn syn rede fan 1841 oer Slingelandt[2] konklúdearret er it neifolgjende:

Ik zal niet beweren, hoorders, dat, zoo wij naar Slingelandt’s stem hadden geluisterd, wij verschoond konden gebleven zijn van dien hevigen schok, waarmede Frankrijk, opstaande, Europa heeft beroerd. Doch die beweging was niet plotseling noch onvoorzien, en de verwoesting, die zij aanrigtte, moest in die mate geringer zijn, als bij het volk, waarmede zij in aanraking kwam, méér vaststond dat levenskracht had en aan de eischen van den tijd beantwoordde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.herenvanholland.nl/eigenaar.cfm?eigenaarnummer=1319 www.herenvanholland.nl
  2. (ned) yn it Nederlânsk oersette rede fan Thorbecke oer Simon van Slingelandt