Silvia Saint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Silvia Saint
Silvia Saint adjusted.jpg
nasjonaliteit: Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk
oare artystenammen: Sylvia Saint, Silvie, Szilvia
echte namme: Silvie Tomčalová
etnisiteit: Flag of Moravia.svg Moravysk
berne: 12 febrewaris 1976
berteplak: Kyjov (Tsjechje)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 19972009

Silvia Saint, echte namme: Silvie Tomčalová (12 febrewaris 1976), is in rêstend Tsjechysk model, neakenmodel en pornografysk aktrise fan Moravysk komôf, wa har namme oft ek wol stavere wurdt as Sylvia Saint.

Silvia Saint ier yn har karriêre.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Silvia Saint is hikke en tein yn it stedsje Kyjov, yn it distrikt Hodonín yn 'e regio Súd-Moraavje. Se studearre twa jier bedriuwsfiering yn 'e Moravyske haadstêd Brno, wêrnei't se wurke as de manager fan in grut hotel yn 'e stêd Zlín, en banen hie by ferskate oare bedriuwen as accountant en marketingkoördinator. Om't se fûn dat it salaris foar soksoarte wurk ôffoel, sette se útein mei te wurkjen as linzjerymodel. Al rillegau waard se frege om te posearjen foar neakenblêden, lykas Hustler, High Society, Chéri en Club International. Yn 1996 stie se yn 'e Tsjechyske Penthouse, dy't har útrôp ta Penthouse Pet fan it jier. Letter posearre se ek foar de Amerikaanske Penthouse, dêr't se beneamd waard ta Pet fan 'e moanne oktober 1998.

Yn 1997, doe't Saint 21 jier wie, naam har doetiidske freon har mei nei in castingaudysje fan 'e Amerikaanske pornoregisseur Frank Thring. Koarte tiid letter makke se har debút yn in pornografyske film foar it Sweedske Private-label. Al rillegau dêrnei ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en dêr't se mear as trije jier yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurke. Saint spile fierders ien fan 'e haadrollen yn 'e opsjochmeitsjende pornofilmtrilogy The Uranus Experiment, in produksje fan Private op it mêd fan 'e romtefeart. De trilogy waard benammen bekend om't der in sêne yn foarkomt dy't opnommen is yn in Russysk fleantúch dat dûkflechten makke, sadat in steat fan gewichtleazens opwekke waard. Saint en har tsjinspiler Nick Lang hiene op dy manear de primeur om as earste pearke seksuële omgong te hawwen yn in tastân fan gewichtsleazens. De sêne waard nominearre foar in Nebula Award, mar wûn him net.

Yn maart 2001 kundige Saint oan dat se har weromlûke soe út 'e pornoyndustry, nei't se in twa- à trijejierrige relaasje mei de swarte Amerikaanske pornoakteur Mr. Marcus beëinige hie. Saint beskuldige Mr. Marcus derfan dat er har ferskate kearen mishannele hie. Neitiid sette se har yn Tsjechje nei wenjen mei har nije (Tsjechyske) freon, dy't yn 'e antykhannel siet. Saint bleau nei 2001 lykwols as pornoaktrise wurksum, al die se fan dy tiid ôf benammentlik lesbyske pornografy. Yn 2006 wûn se mei in rjochtsaak tsjin in cyberkreaker it rjocht op 'e domeinnamme SilviaSaint.com. Uteinlik loek se har yn 2009 foargoed út 'e pornoyndustry werom. Yn totaal hie se doe yn 304 pornofilms spile, en dêrmei hie se ferskate prestizjeuze prizen wûn, wêrûnder in (Amerikaanske) AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), twa (Frânske) Hot d'Ors, trije (Katalaanske) Ninfa's en in (Italjaanske) Delta di Venere Award.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 Penthouse (Tsjechyske edysje) wûn Penthouse Pet fan it jier n.f.t.
1997 AVN Award wûn bêste opfiering fan in striptiis n.f.t.
CAVR Award wûn stjer fan it jier n.f.t.
People's Choice Adult Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
1998 Penthouse (Amerikaanske edysje) beneamd Penthouse Pet fan 'e moanne oktober n.f.t.
2000 Hot d'Or wûn bêste op fiering fan in striptiis n.f.t.
wûn bêste byrol fan in aktrise Le Contrat des Anges
FICEB Ninfa Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Nikki Anderson en Kate More) Alexia and Cie
2004 FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise n.f.t.
wûn publykspriis foar bêste aktrise n.f.t.
2005 Delta di Venere Award wûn Lifetime Achievement Award ("Oeuvrepriis") n.f.t.
2012 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.