Sikko fan Goslinga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sikko fan Goslinga
De Sickemastate te Hjerbeam dêr't Sikko fan Goslinga wenne

Sikko fan Goslinga, Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1731 ) wie in Frysk steatsman, grytman fan Frjentsjerteradiel, fiif kear deputearre te fjilde (1706-1711) en Nederlânsk diplomaat.

Goslinga troude op 12 juny 1692 yn Ballum op It Amelân mei Jeanette Isabelle barones thoe Schwartzenberg und Hohenlansberg, frijfrouwe fan Amelân.

Hy wie fjirtich jier lang lid fan de Fryske Steaten en de Steaten Generaal. Hy studearre yn Frjentsjer en Utert. Yn Utert wie fan Goslinga gesant by de fredesûnderhannelingen. Boppedat wie er in skoft ambassadeur yn Frankryk.

Syn grêftombe stiet yn de tsjerke fan Doanjum.

[bewurkje seksje] Wurk

  • (fr) Goslinga, S. fan (1857) Mémoires relatifs à la Guerre de succession de 1706-1709 et 1711, de Sicco van Goslinga, publiés par mm. U. A. Evertsz et G. H. M. Delprat, au nom de la Société d’histoire, d’archéologie et de linquistique de Frise, (Published by G.T.N. Suringar, 1857)
  • (nl) Goslinga, S. fan, Slingelandt, S. fan, Rappard, W.A. fan (ed.) (1978) Briefwisseling Tussen Simon Van Slingelandt En Sicco Van Goslinga 1697-1731, ISBN 9024721679

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen