Sikke fan Goslinga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sikke fan Goslinga
De Sickemastate te Hjerbeam dêr't Sikke fan Goslinga wenne.

Sikke fan Goslinga (as Sicco van Goslinga), (Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1731) wie in Frysk steatsman, grytman fan Frjentsjerteradiel, fiif kear deputearre te fjilde (1706-1711) en Nederlânsk diplomaat.

Fan Goslinga troude op 12 juny 1692 yn Ballum op it Amelân mei Jeanette Isabelle barones thoe Schwartzenberg und Hohenlansberg, frijfrouwe fan it Amelân.

Hy wie fjirtich jier lang lid fan de Fryske Steaten en de Steaten-Generaal. Hy studearre yn Frjentsjer en Utert. Yn dyselde stêd naam Fan Goslinga ek diel oan 'e ûnderhannelings yn 1713, dy't mei de Frede fan Utert in ein makken oan 'e Spaanske suksesjeoarloch. Boppedat wied er in skoft gesant yn Frankryk.

Syn grêftombe stiet yn de tsjerke fan Doanjum.

Anekdoate[bewurkje seksje | edit source]

Waling Dykstra wit yn syn Uit Friesland's Volksleven (1895) oer him noch de folgjende anekdoate te fertellen. As deputearre te fjilde ûnderhold Fan Goslinga geregeldwei in briefwikseling mei syn freon Sjuck fan Burmania. Dat died er yn it Frysk, mar skreaun yn Grykske lettertekens. Ferskate fan dy brieven waarden ûnderskept troch de Frânsen, mar dy koene der gjin wiis út wurde. Letter, ûnder Fan Goslinga syn ferbliuw oan it Frânske Hôf, kaam dit ûnderwurp in kear te praat mei kardinaal Richelieu, de Frânske earste minister. Dy murk dêrby op dat men nea in kaai ta syn koade fine kinnen hie, wêrop't Fan Goslinga antwurde dat der ek gjin kaai wie. Dykstra: "Hiervan bleef lang het spreekwoord in gebruik: «Der wier nin kaei fen, sei Sikke.»"[1]

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • (fr) Goslinga, S. van (1857) Mémoires relatifs à la Guerre de succession de 1706-1709 et 1711, de Sicco fan Goslinga, publiés par mm. U. A. Evertsz et G. H. M. Delprat, au nom de la Société d’histoire, d’archéologie et de linquistique de Frise, (Utjûn fan G.T.N. Suringar, 1857)
  • (ned) Goslinga, S. van, Slingelandt, S. van, Rappard, W.A. van (ed.) (1978) Briefwisseling Tussen Simon Van Slingelandt En Sicco Van Goslinga 1697-1731, ISBN 9024721679

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 77.

Boarnen