Sigismund fan de Boergonden

Ut Wikipedy
Sigismund fan de Boergonden

Sigismund wie kening fan de Boergonden tusken 516524. Hy wie de âldste soan fan Gundobad en opfolger. Under it bewâld fan Sigismund gongen de Boergonden fan it Ariaanske kristendom oer ta it katolisisme.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sigismund wie boaske mei in dochter fan de Ostrogoatyske kening Diderik de Grutte yn Itaalje en hie by har ien soan, dy't Sigerik hiet. Lykwols liet er syn eigen soan deadzje op fertinking fan ferrie. Sigismund wie katolyk, krektas syn nicht Klotilde dy't boaske wie mei de earder ferstoarne Frankyske kening Klovis. Dizze sibskip mei de Frankyske keningen, werhâlde kening Glodomer, ien fan de soannen fan Klotilde net om de Boergonden oan te fallen. Sigismund waard troch de Franken ferslein en deade 523.

Nei de dea fan Sigismund gong de Boergondyske troan oer nei syn (Ariaanske) broer, Gundomar II, dy't deryn slagge Godomer yn in mûklaach te lokjen, te deadzjen en Boergonje de Franken ôfhannich te meitsjen.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]