Sietze Albert Veenstra

Ut Wikipedy
Sietze Albert Veenstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sietze Albert Veenstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 juny 1897
berteplak Langsweagen
stoarn 23 desimber 1981
stjerplak Súdlaren
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Sietze Albert Veenstra (Langsweagen, 5 juny 1897 - Súdlaren, 23 desimber 1981), meastal S.A. Veenstra neamd, wie in Nederlânske arsjitekt. Hy wie meast yn Noard-Nederlân oan 't wurk, benammen yn en om it Grinzer doarp Middelstum, dêr't er gemeente-arsjitekt wie. Veenstra jildt as in fertsjintwurdiger fan de Amsterdamske Skoalle.

Landhuis De Zandhoeve (1929-'30) in Beetstersweach (2010)[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sietze Veenstra wie in soan fan in sigarewinkelman en in mem út in timmermansfamylje. Doe't er fjirtjin wie waard er sels ek timmermansfeint. Troch praktykûnderfining, oanfold mei jûnsstúdzje, waard er boukundige. Ta syn earste wurk heart it bûten De Zandhoeve (1930) yn Beetstersweach, destiids de amtswent fan de boargemaster fan Opsterlân. Veenstra kaam yn 1930 as opsichter yn tsjinst by gemeentewerken yn Middelstum. Neidat ein jierren trittich de gemeentewerken fan Kantens, Middelstum en Stedum by elkoar gien wiene, waard er gemeente-arsjitekt fan Middelstum. Veenstra ûntwurp in grut tal wenhuzen en in stikmannich pleatsen en skoallen, allegear yn in frijwat sobere fariant fan de styl fan de Amsterdamske Skoalle. Teffens ûntwurp er meubels en wandbetimmeringen. Nei oarloch gie Veenstra oer nei in funksjonalistyske styl, krekt as mear fakgenoaten yn dy tiid.

Yn 1962 gong Veenstra mei pensjoen en ferhuze er nei it Drintske Súdlaren, dêr't er yn 1981 yn de âldens fan 84 jier ferstoarn is. Ferskillende fan syn gebouwen binne oanwiisd as ryksmonumint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Reenders, Anja (2007) Versteende Welvaart. Amsterdamse School op het Groninger Hoogeland. Grins: Noordboek. ISBN 978-90-330-0653-1

  1. RCE - Rijksmonument 513180 (Hoofdstraat 89, Beetstersweach)