Sid Castle

Ut Wikipedy

Sidney Ernest Rowland 'Sid' Castle (12 maart 1892, Basingstoke - * 1978) wie in Ingelsk profesjoneel fuotballer en lettere trainer.

As fuotballer kaam Castle út foar Basingstoke Town, Thornycroft Athletic, Guildford United, Tottenham Hotspur, Charlton Athletic en Chelsea. Nei Chelsea gie hy werom nei Guildford United, wêrnei hy stoppe mei profesjoneel fuotbal.

Hy waard trainer en wie ûnder oare yn twa perioades by SK It Hearrenfean aktyf, dat doe noch de namme FF It Hearrenfean hie. Yn syn earste perioade by dy klup, yn 1932, helle hy de doe 12-jierrige Abe Lenstra by de klup. Noch datselde jier gie hy ek wer fuort. Mar yn de perioade 1936-1938 wie hy op nij de trainer fan It Hearrenfean.