Sicco Mansholt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sicco Mansholt yn 1967

Sicco Leendert Mansholt (Ulrum, 13 septimber 1908Wapserveen, 29 juny 1995) wie in Nederlânske boer, politikus en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich. Sicco Mansholt wie humanist en op beskieden skaal warber yn it Humanistysk Ferbûn.

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Mansholt kaam út in socialistyske húshâlding fan Grinzer heareboeren. Syn heit en pake stipen foarfjochters sa as Multatuli, Domela Nieuwenhuis en Troelstra.

Ferset en ministerskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn de oarlochsjierren wie Mansholt aktyf yn it ferset. Hy ferburch net allinnich ûnderdûkers yn de Wieringermarpolder; mar organisearre ek iten foar de westlike provinsjes. Mansholt waard daliks nei de befrijing út reden fan syn warberens yn it ferset lokoboargemaster fan de gemeente Wieringermar, dat yn de oarloch ûnder wetter setten wie troch de Dútsers.

In juny 1945 frege PvdA-premier Wim Schermerhorn Mansholt mei te dwaan oan it earste nei-oarlochske kabinet as minister fan Lânbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning. Hy wie mei 37 jier de jongste minister. Hy wie oansteld fanwegen syn goede organisatoaryske kwaliteiten en hy waard frege om de fiedselfoarsjenning te beoarderjen, omdat der op dat stuit noch mar foar ien wike iten yn Nederlân wie. Mei in krêftich ynkeapbelied, frijwat strange fiedseldistribúsje en behearsking fan de priis slagge it him de situaasje te stabilisearjen. Hjirby spile ek mei dat syn neef Stephanus Louwe Louwes de lieding oer it noch goed funksjonearjende direktoraat-generaal fan de Fiedselfoarsjenning hie.

Mansholt hat úteinlik dielnaam oan seis regearings: Schermerhorn-Drees yn 1945; Beel yn 1946; Drees-Van Schaik yn 1948, en noch trije kabinetten Drees: Kabinet-Drees I yn 1951, Kabinet-Drees II yn 1952 en Kabinet-Drees III yn 1956. As minister wie er letter dwaande mei it modernisearjen fan de lânbou. Hy sette útein mei in nauwe gearwurking mei de Stichting foar de Lânbou (yn 1954 werneamd ta it Lânbouskip (Landbouwschap)) en stelde garandearre minimumprizen fêst foar de wichtichste Nederlânske lânbouprodukten, kombinearre mei de ynfiering fan ymportheffingen en fergoedigjen (restitúsjes) foar eksportprodukten. Om de produktiviteit te ferheegjen, waard ek in soad jild stutsen yn ûndersyk en ûnderwiis en sette er yn op skaalfergrutting. Syn belied liet syn sosjaal-demokratyske ynslach dúdlik sjen; hy woe dat eltse goedbuorkjende boer, lykas as yn oare bedriuwstûken, rjocht hie op in goed bestean, fakânsje en de mooglikheid om him kultuereel te ûntjaan.

Mansholt hie it ekonomysk tij mei en krige mei dêrtroch mar in bytsje krityk, sels lof foar syn belied fan de boere-organisaasjes, dy't meast part wienen fan de kristlike partijen. Op kongressen fan de Pvda liet er wol dúdlik syn foarleafde foar de socialistyske grûnpolityk blike, mar as lid fan it regear socht er altyd it kompromis. Yn de ministerried stie er foar syn boeresaak en gie er konfrontaasjes net út de wei. Bygelyks wienen de begruttingsûnderhannelingen tige wichtich foar him; syn úthâldingsfermogen yn dy saken wie hast legindarysk.

Begjin jierren '50 begûn syn súksefolle lânboubelied der wat by yn te sjitten doe't oare lannen beskermjende maatregels foar harren lânbou namen. Mansholt krige doe foar it earst in mienskiplike Jeropeeske merk yn't sin, dy't ek wol as de Green Pool oantsjutten waard. Syn ydeeën krigen lykwols fanwegen ynterne tsjinstellingen yn Jeropa mar in bytsje steunlyk, dat de ûnderhannelings hjiroer roannen op neat út yn 1953. Mansholt wie der lykwols fan oertsjûge dat in Jeropeeske merk de takomst hie en wie yn de Nederlânske rie fan ministers in fûl foarstanner fan Jeropeeske yntegraasje. Hy krige op 9 oktober 1956 fan de Lânbou Hegeskoalle yn Wageningen in earedoktoraat foar syn fertsjinten. Om dy tiid hinne rekke de lânbou lykwols wat yn it delgean en krige Mansholt yn de Twadde Keamer faak it ferwyt dat it syn skuld wie omdat er mear krewearje soe foar Jeropeesk- dan nasjonaal lânboubelied. Syn politike tsjinstanner ferwiten him fierders dat syn klankboerd fan politike adviseurs, om kontakt mei syn doelgroep te hâlden, meast PvdA-ers, harren tefolle mei de polityk 'bemuoiden'. As lêste waard syn posysje yn it kabinet noedlik út reden fan syn 'ôfwikende opfettings' en de solo-aksjes dy't er útfierde. Doe't Mansholt lang om let syn Jeropeeske funksje besette, soe Willem Drees tsjin in kollega sein hawwe "Lokkichernôch binne wy him eindlik kwyt".

Jeropeeske Kommisje[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1958 waard Mansholt ien fan de kommissarissen fan de krekt oprjochte Jeropeeske Kommisje en arbeide hy as lânboukommissaris oan de modernisearing fan de Jeropeeske lânbou. Mansholt wie de geastlike heit fan it Mienskiplik lânboubelied. Subsidiëaring fan de lânbou wie foar Mansholt in oplossing foar it tradysjonele socialistyske fraachstik ta hokker sosjale klasse de agraryske befolking heard (de Agrarfrage). De subsydzjes soene fan boeren arbeiders meitsje, miende Mansholt, omdat se in fêst ynkommen hawwe soenen; sa soenen hja meidwaan kinne oan dielen fan de boargerlike kultuer dy't foar arbeiders iepen stie, bygelyks fakânsjes.

As lânboukommissaris wie Mansholt de sintrale figuer yn Brussel. Fan syn tredde en lêste kommisje (1968 - 1973) wie er ek fice-foarsitter. Doe't foarsitter Malfatti yn 1972 ôfgie om gadingmakker te wurden foar it Italjaanske kabinet, waard er 7 moannen lang foarsitter fan de Jeropeeske Kommisje.

Yn it ôfgean[bewurkje seksje | edit source]

Yn de perioade nei syn pensjonearing waard er sterk beynfloede troch de Klup fan Rome. Mansholt krige spyt fan syn ynfiering fan de lânbousubsydzjes en skaalfergrutting. Lykwols koe er it neitiids net mear keare, ûnder oaren troch it ferset fan in grut tal boeren dy't wilens ôfhinklik wurden wiene fan subzydzje út Brussel.

fan 1984 oant 1989 wie Sicco Mansholt foarsitter fan it Humanistysk Fredesberie (HVB).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Sicco Mansholt