Sibolga

Ut Wikipedy
Sibolga
Plak fan de stedsgemeente op Sumatra
Plak fan de stedsgemeente op Sumatra
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje Noard-Sumatra
Stedsgemeente Sibolga
Sifers
Ynwennertal 84.444 (2010)
Oerflak 13,5 km²
Befolkingsticht. 7800 /km²
Hichte 1-150 m
Oar
Tiidsône WIB UTC+7
Offisjele webside
www.sibolgakota.go.id
De pasar yn Sibolga

Sibolga, âlde stavering Siboga, is in stedsgemeente op it eilân Sumatra yn Yndoneezje. It plak leit oan de westkust, oan de Yndyske Oseaan, yn de provinsje Noard-Sumatra (Sumatra Utara) sa'n 209 km besuden de provinsjehaadstêd Medan.

De stêd kaam ta bloei yn de jierren tritich fan de 20e iuw fanwege de fraach nei rubber en wijreek dy't ynlânsk produsearre wurde. Ek oare tropyske produkten wurde út Sibolga wei útfierd.

Troch in aktive missy-polityk yn de 20e iuw binne dêr katolike tsjerken en skoallen en is in heech persintaazje fan de befolking Roomsk-Katolyk. Sibolga is sadwaande ek in bisdom mei in biskop.

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sibolga hat in haven, oan in natuerlike baai, en der is in feartsjinst mei ûnder oaren de eilannen Nias en Simeulue.
  • It plak leit oan de Trans-Sumatradyk.
  • It fleanfjild fan Sibolga hjit "Dr Ferdinand Lumban Tobing" (koade WIMS).

Berne yn Sibolga[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]