Sibet Attena

Ut Wikipedy
Sarkofaach fan Sibet Attena yn de St. Magnustsjerke yn Esens

Sibet (Latyn: Sibo) Attena1425 - † 8 novimber 1473) wie in eastfryske haadling. Hy wie in soan fan Sibet fan Dornum (âlde Sibet) († 1433) en Frouwa fan Manslagt, in dochter fan Enno Sirksena.

Nei de dea fan syn heit erve Sibet Attena de boarch Osterburch yn Dornum. Fia syn earste frou, Onna von Stedesdorf, dochter fan Hero Omken d.Ä., krige er yn 1447 Stedesdorf en koe yn 1454 as neef en trouwe neifolger fan Ulrik Sirksena syn rjocht op Esens jilde litte. Fan syn memme-erfenis yn Manslagt seach er ôf.

Yn 1454 stipe er Ulrik Sirksena tsjin Tanne Kankena yn Wittmund, besette de boarch en ferdreaun harren. Sân jier letter krige er Dornum as skeafergoeding. Sibet Attena neamde him al yn 1455 haadling fan Esens, Stedesdorf en Wittmund. Dêrmei wie er feitlik hear fan it Harlingerlân. Neidat Onna fan Stedesdorf 1464 ferstoarn wie, troude er twaddens mei Margarete fan Westerwolde.

Sibet wie yn 1464 oanwêzich by de feestlike takenning fan it ryksgreefskip oan Ulrik Sirksena yn de Gasthauskirche yn Emden en waard by dy gelegenheid riddere. Nei syn dea yn 1473 krige er yn de tsjerke fan Esens, de Sint-Magnustsjerke fan no, in pracht fan in sânstiennen sarkofaach.

Bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut syn earste houlik:

  • Wibet, * ..., trout Tyader fan Jever (gjin bern),
  • Hero fan Dornum = Hero Omken, boaske mei Armgard, grevinne fan Aldenboarch,
  • Frouwa, troud mei Edo Wiemken d.J., haadling fan Jever (gjin bern)

Ut syn twadde houlik: