Showroom (tillefyzjeprogramma)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Showroom (tillevyzjeprogramma))

Showroom wie in Nederlânsk tillefyzjeprogramma dat fan 1977 oant 1982 troch de NCRV útstjoerd waard. It wie makke troch Jan Fillekers, Henk van der Horst en Arnold-Jan Scheer. It wie in programma wêryn’t eigensinnige, eksintrike, markante minsken oan it wurd kamen. Dizze minsken diene harren ferhaal oer hoe´t hja harren dagen slieten en de wize werop’t hja dit libben beskôgen.

Meiwurkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ynterviewers: Fillekers en Scheer
  • Presintatoaren: van der Horst, Fillekers en Van Vrijberghe de Coningh (1977-1980)
  • Montaazje: Bob de Graaf, Fillekers en van der Horst
  • Produksje: Dita Jansen
  • Kamera: Wil Rutten

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coen van Vrijberghe de Coningh, de studiopresintator fan 1977 oant 1980

Showroom fûn syn oarsprong yn it NCRV-radioprogramma foar it jongerein, 'Halte', wêrfan't Jan Fillekers einredakteur wie en Arnold-Jan Scheer fanôf 1968 reportaazjes makke. De ynterviews foelen op trochdat hja fanôf 1966 eigensinnich, eksintrik, markant folk opspoarden foar in ynterview. Dat brocht Fillekers op it plan in tillefyzjeprogramma mei de namme 'Kijkkijk' (ynstjoering Montreux), mei inkeld en allinne dat slach folk. Hy stelde dit programma foar oan syn baas by de ôfdieling 'Gevarieerd'. Dit programma waard yn 1971 opfolge troch 'D'rop en D'ran'. Beide programma’s wiene tillefyzjefoarrinners fan it lettere Showroom. Scheer dy’t as freelancer foar de programmas ûndersyk die, makke diel út fan de redaksje dêrfan en makke ynterviews en reportaazjes derfoar. Yn Nieuwe Revu sette hy zyn foarleafde foar bysûnder folk troch mei in eigen rubryk, wêrnei’t Fillekers him yn 1977 wer frege foar de redaksje fan Showroom.
Showroom begûn earstoan as in grut studioprogramma mei in grutte redaksje (û.o. Gerrit den Braber, Rik Felderhof, Hugo Brandt Corstius [Piet Grijs], Drs. P Ben ten Holter). It waard opnommen yn Studio 7 fan it Mediapark as in ferskes- en fariëteeprogramma, in parody op de op dat momint opkommende 'Showbussines'-sjoernalistyk. Coen van Vrijberghe de Coningh wie fan 1977 oant 1980 de studiopresintator. Omdat Scheer bysûndere types foardragen bleau, wêrút bliek dat de skreaune teksten, spile troch akteurs en kabaretiers, net opwûksen wiene tjsin de reportaazjes út it echte libben en ynterviews mei gewoan folk, gie Showroom fanôf 1980 de studio út en allinne foar reportaazje it lân yn. Henk van der Horst die de beeldrezjy fan dy reportaazjes. Fanôf dat momint bruts it programma troch by it grutte publyk.

Opset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Showroom yntrodusearre in nij sjenre op de Nederlânske tillefyzje: de 'gewoane' minsk as ferdivedaasje. De ferneamdsteste ynterviews fan Fillekers binne:

  • Dirk van Noort, de man dy’t net leaude dat der minsken op de moanne west hawwe.
  • Daan Modderman, dy’t him yn syn eigen lykkoets nei syn grêf bringe liet.
  • Muoike Jet, dy’t roeiboaten ferhierde oan de Langeraarske brekken.
  • Muoike Jen, dy’t op har 86ste mei har foddekarre by de huzen lâns gie.
  • Jan Raapis, byldzjend keunstner, mei in eigen filosofy dat de minsk dy’t yn frijheid berne wurdt troch syn ferstân ta slaaf rekket.
  • De bruorren Bijmolt.

De bekendste ynterviews fan Scheer binne:

  • Jean Prick, de man dy’t skriemde omdat hy fan syn heit gjin Bugatti krige, "it earste tillefyzje-emoasjemomint yn Nederlân " (neffens van der Horst).
  • Ansje Gerding LeComte, it frommes dat kabouters yn har eftertún en yn ‘e neiste omkriten fan har hûs yn Nunspeet seach, wat troch har man, dy't chemieprofessor wie, mei leafde begrepen waard.
  • Peter Haak, dy’t nei de boardradio fan fleantugen harke yn syn Fryske húske en de kondinssstrepen dêrfan dreamend waarnaam by de lucht fan in fleske kerosine.

Yn 1981 waard Showroom mei eare neamd as tillefyzjeprogramma troch de stifting Nipkow.

Nei ôfrin fan de Showroom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1981 neamde Scheer syn boek mei portretten fan bysûndere minsken dy’t hy yn syn libben metten en beskôge hat “Paradijsvogels”, en organisearre in jûn yn Paradiso (Amsterdam): “Paradijsvogels in Paradiso” (waaryn û.o. de samler fan dia's fan tramûngemakken, de Sterke Belg, It “Vuilharmonisch Orkest” (swalkers en dakleazen) en it Frommes mei de oankleide hûntsjes, Grace Maddy) en neamde it sa ûntstiene sjenre: “Naïef Variété”. De namme “Paradijsvogel” ferrike dêrnei stadichoan hieltyd faker de Nederlânske taal en jûch dy de nije betsjutting fan kleurryk nuver folk. Scheer jûch dizze ek as titel oan it tillefyzjeprogramma “Paradijsvogels” (1992-1996), waarfan hy mei Peter Wingender en Ronald Koopmans produsint (Dreamtime Productions) en makker wie. Oare sjenre-opfolgers fan Showroom: De Stoel, fan Rik Felderhof, dy´t redaksjonele bydragen levere hat en in soad ûnderwerpen opspoarre hat troch syn radioprogramma Rozengeur en Prikkeldraad (1975). Fierdere troch Showroom ynspirearre ôflaten wiene: Man Bijt Hond (1998) en de programma's fan Michiel van Erp, Lang leve ... (2001).

Joris' Showroom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan novimber oant desimner 2008 sette de NCRV de formule Showroom troch yn in nije fjouwerdielige searje: Joris' Showroom mei as presintator, ynterviewer Joris Linssen. De earste útstjoering hie in sjochtichtens fan 900.000 sjoggers. De searje krige yn 2009 en 2011 in fuortsetting.

Utjûne boeken en DVD's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn 1981 it boek “Paradijsvogels”, mei reportaazjes út û.o. Showroom, Úitjouwer Loeb.
  • Yn 1983 it boek 'Showroom' bondeling ynterviews út it tillefyzjeprogramma, Útjouwer Fontein.
  • Yn 2006 de DVD 'Denkend aan Showroom', fragminten út Showroom en oantinkens.
  • Yn 2008 it foto- en roportaazjeboek 'Arnold-Jan Scheer, reporter, tillefyzjemakker...' mei portretten en moetings út û.o. Showroom en Paradijsvogels, Utjouwer Voetnoot.