Short Stirling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Short Stirling

Short Stirling bomber N6101.jpg

Rol Swiere bommesmiter en tôger fan sweefleantugen
Makker Short Brothers, Rochester Short Bros. en Harland, Belfast Austin Motor Company
Earste flecht 14 maaie 1939
Yn tsjinst febrewaris 1941
Ut tsjinst 1946
Farianten
Tal makke 2.371 fan 1939–1945
Grutste brûkers RAF, Egyptyske Loftmacht
Ferliking fan de Stirling (giel) mei syn tiidgenoaten; de Avro Lancaster (blau) en de Handley Page Halifax (rôze).

De Short Stirling wie de earste Britske fjouwer-motorige swiere bommewerper. De Stirling waard ûntwurpen en boud troch Bruorren Short nei spesifikaasje fan it Ministearje fan Loftmacht (Air Ministery) út 1936 en tsjinne fan 1941 ôf. It tastel wie mar efkes operasjoneel oan it Jeropeeske loftfront, mar hat de hiele oarloch troch second line duties dien, fan 1943 ôf. Doe waard er ferfongen troch nije fjouwer-motorige RAF bommewerpers, nammentlik de Handley Page Halifax en Avro Lancaster.

De Stirling hie in koart fleanberik, at er fol bommen laden wie, en koe net heech genôch komme om te foldwaan oan de easken fan flechten boppe Dútslân. De fleanders wiene wol tige te sprekken oar de Stirling fanwege de betrouberens en de manûvrearberens fan dizze fleanmasine.

De Stirling bleau goed te brûken as lesfleanmasine, wapendropper yn besette lannen en as tôger fan sweeffleanmasines (gliders) (sa as by de Slach om Arnhim) en sleepdoelen.

Technyske feiten fan de Short Stirling Mk.I[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feiten Prestaasje
Operasjoneel 1940 oant 1945
Fabrikant Short Brothers Ltd
Spanwiidte 30,22 m
Lingte 26,32 m
Hichte 6,93 m
Leechgewicht ± 20.000 kg
Startgewicht ± 27.000 kg
Bemanning 7 of 8 man
Grutste faasje 416 km/o
Tsjinstfleanhichte 6.250 m
Normaal berik 3.090 km
Motoren fjouwer 1.590 HK Bristol Hercules XI dûbbelstjermotors
Bewapening acht 7,7-mm-Browning-MGn,
maks. 6.350 kg bommen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]