Shoichi Yokoi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Shōichi Yokoi (31 maart, 191522 septimber, 1997) wie in Japansk sersjant yn it Ymperialistyske Japanske Leger yn de tiid fan de Twadde Wrâldkriich. Hy wie ien fan de lêste trije minsken dy’t harren oerjoegen nei de ein fan de kriich yn 1945.

Yokoi waard berne yn Saori. Hy wie in learling kleanmakker oant hy op roppen waard foar it leger yn 1941.

Oarlochsjierren[bewurkje seksje | edit source]

De grot dêr't Yokoi him 28 jier lang yn ferstoppe hâlden hat

Yokoi moast yn tsjinst yn it Ymperialistyske Japanske Leger yn 1941. Earst siet hy by de 29e Ynfantery Divyzje yn Manchukuo (1941-1943). Yn 1943, waard hy oerbrocht nei de 38e Rezjimint op de Marianen. Hy arrivearre op Gûam yn febrewaris 1943. Doe’t it Amearikaanske leger it eilân oermastere yn de Slach om Gûam, gie Yokoi op de flecht. He huld him ferstoppe oant yn 1972.

Om te oerlibjen jage Yokoi benammen nachts en brûkte hy in soad ynlânske planten om klean fan te meitsje. Ek makke hy bêden en ark fan de planten, dy’t hy goed ferstoppe yn syn grot.

De ein[bewurkje seksje | edit source]

Op de jûn fan 24 jannewaris 1972 waard Yokoi ûntdutsen yn it bosk. Hy waard fûn troch Jesus Dueñas en Manuel De Gracia, twa lokalen dy’t harren garnalefallen kontrolearje woenen dy’t oan in rivier by Talofofo leinen. Se mienden earst dat Yokoi ien út it doarp wie, mar se ferrasten en oermasteren him, wêrnei se him it bosk útsetten.

“It is mei in soad skamte dat ik libbend werom kom,” spruts hy doe’t der werom wie yn Japan. De sin waard letter in ferneamde siswize yn it Japansk.

It slagge Yokoi 28 jier lang te oerlibjen yn in ûndergrûnsk hol yn it bosk. Hy wie benaud om der út te kommen, sels doe’t hy pamfletten fûn mei dêrop it berjocht dat de oarloch oer wie.

Lettere libben[bewurkje seksje | edit source]

Nei in grutte mediatoer yn Japan, troude Yokoi en kaam hy te wenje yn de omkriten dêr’t hy earder ek wenne hie yn Japan. Yokoi waard in tige ferneamd en populêr televyzjepersoan en in foarman fan it sobere libben. Hy waard dokumintearre yn 1977 yn de dokumintêre Yokoi and his Twente-Eight Years of Secret Life on Guam. Hy soe in bedrach fan likernôch €200 krije en in lyts pensjoen.

Yn 1991 moete hy keizer Akihito. Hy seach de moeting as de grutste ear foar it earjen fan syn libben.

Yoko stoar yn 1997 oan in hertoanfal doe’t hy 82 wie. Hy waard begroeven op in tsjerkhôf yn Nagoya, ûnder in grêfstien dy’t al yn 1955 troch syn mem útsocht wie.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]