Shimon Peres

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Shimon Peres by David Shankbone

Shimon Peres, as Sjimon Peres, Hebrieusk: שמעון פרס , berne as Szymon Perski, (Wiszniew, Poalen (distiid Visjneva, Wyt-Ruslân), 2 augustus 1923) is in Israelitysk politikus, de njoggende premier fan Israël (1984-1986 en 1995-1996), twaris plakferfangend premier en de eardere lieder fan de Arbeidspartij oant hy novimber 2005 ferfongen waard troch Amir Peretz en er oergie nei Kadima. Peres waard 13 juny 2007 keazen as presidint fan Israel.

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1934 ferfarre hy mei syn âlden nei Palestina, nei Tel Aviv. Hy gong nei de Geula Skoalle yn Tel Aviv, en dêrnei nei de lânbouskoalle fan Ben Shemen. 1947 waard hy lid fan de Hagana, de foarrinner fan it hjoeddeiske Israëlysk definsjeleger.

Politike karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Shimon Peres en eartiidsk premier Levi Eshkol yn 1965

Yn 1959 kaam er yn de Knesset (parlemint) dêr't er tsientallen jierren in sit besette. Teffens hie er ferskate ministeariële posten, ûnder oaren dy fan Definsje en Bûtenlânske Saken, en wie er in lang skoft partijlieder.

Twaris premier[bewurkje seksje | edit source]

Peres wie twaris premier fan Israel. Fan 13 septimber 1984 ôf late er in 'ienheidsregearing' mei de Likoed fan Yitzhak Shamir, mei wa't er neffens in 'rotaasjeferdrach' op 20 oktober 1986 it premierwêzen ruile foar it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Fan 1995 oant 1996 wie er fannijs premier, doe oan it haad fan in links regear.

Fierders wie hy twa kear plakferfangend premier. Fan 7 april oant 20 juni 1977 wie er de plakferfanger fan Yitzchak Rabin, dy't him tebekluts as minister-presidint, mar net ôftrede koe meidat er oan it haad fan in demisjonêr kabinet stie.

Fanwege de moard op Rabin op 4 novimber 1995 waard hy nochris waarnimmend minister-presidint. In dei letter waard er as wiere premier beëdige. 1996 waarden der foar it earst yn de skiednis fan Israel direkte ferkiezings foar it premierskip hâlden. Earst like it derop dat Peres dy wûn hie, mar letter die bliken dat er ferlern hie fan rivaal Benjamin Netanyahu fan de Likoed mei mar ien % ferskil. Op 18 juny 1996 joech er it premierskip oer.

Ferlies partijliederskip in 2005[bewurkje seksje | edit source]

De partijtop besleat yn 2004 om nije liedersferkiezingen út te skriuwen. Dejinge dy't wûn, mocht de listlûker út namme fan de partij wurde by de parlemintsferkiezings fan 2006. Yn de polls stie Peres boppe alle oare gadingmakkers. Lykwols waard hy op 9 novimber 2005 net op'en nij keazen, mar de fakbûnslieder Amir Peretz wol. Peres krige 40% fan de stimmen, Peretz 42,4%. It wie de fyfde ferkiezing dy't Peres ferlear.

Oerstap nei Kadima[bewurkje seksje | edit source]

Op 30 novimber 2005 makke Peres bekend, dat hy nei sechtich jier lid fan de Arbeiderspartij west te hawwen, de partij ferlitte soe om lid te wurden fan Kadima, de partij dy't Ariel Sharon doe oprjochte hie. Nei in oerwinning fan Kadima by de ferkiezingen fan maart 2006 soe Peres neffens it ûnthjit fan Sharon yn in sit krije yn it nij kabinet.

Doe't Sharon op 4 jannewaris 2006 troch in swiere oerhaal rekke waard, waard grute dat Peres de nije lieder fan Kadima wurde soe. Neffens in poll soe de partij laat fan Peres 42 sitten helje, en ûnder Ehud Olmert 40 sitten. In protte âld-leden fan de Likoed wienen lykwols foar Olmert. Peres ferklearre dat er Olmert stipe, en dat hy lid fan Kadima bleau.

By de ferkiezings fan maart 2006 stie Peres op it twadde plak, ûnder Ehud Olmert, en boppe Tzipi Livni.

Presidint fan 2007 ôf[bewurkje seksje | edit source]

Peres waard 13 juny 2007 keazen as president fan Israel. Hy fersloech Reuven Rivlin en Colette Avital. Yn dy funksje is hy de opfolger fan Moshe Katsav. Katsav hie mei 25 jannewaris 2007 ferlof naam nei beskuldigingen fan seksueel misbrûk en fraude. Peres is de tsiende presidint fan de steat Israël. De beëdiging wie op 15 july 2007.

Underskiedingen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1994 krigen hy, Yitzchak Rabin en Yasser Arafat meiïnoar de Nobelpriis foar de Frede foar harren krewearjen foar de Oslo-akkoarden. In jier earder hiene dy trije ek al de Félix Houphouët-Boigny-Fredespriis fan de UNESCO ûntfongen.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Shimon Peres op in gearkomst fan it Joadsk Wrâldkongres yn Jeruzalem

Allinne it boek Het Nieuwe Midden-Oosten, ferskynde yn it Nederlânsk. Fierders publisearre hy poëzy yn it Hebrieusk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • (in) Shimon Peres (sittingsperioade, cv), webside fan de Knesset
  • (in) Shimon Peres (biografy), Israelysk ministearje fan Utlânske Saken