Sex Award

Ut Wikipedy
Sex Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch X3Sixty Network,
InsideAdult.com en AVN
frekwinsje 1x jiers
datum oktober
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 2013
1e útrikking 2013
offisjele webside
thesexawards.com

De Sex Awards binne in groep Amerikaanske publyksprizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films en alles dat dêrmei te krijen hat. Se besteane sûnt 2013 en wurde organisearre troch de pornowebsiden X3Sixty Network en InsideAdult.com yn gearwurking mei AVN (Adult Video News), it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.

De winners fan 'e Sex Awards wurde bepaald troch de fans op in dêrta ynrjochte webside stimme te litten. De earste útrikkingsseremoanje fûn plak op woansdei 9 oktober 2013 te Los Angeles. Guon fan 'e winners wiene Asa Akira, yn 'e kategory pornostjer fan it jier; Bonnie Rotten, yn 'e kategory meast seksy nije aktrise; Ashley Fires, yn 'e kategory meast seksy pornostjer; en Riley Steele, yn 'e kategory bêste lichem fan 'e pornoyndustry. Pornofeteraan Ron Jeremy krige in lifetime achievement award ("oeuvrepriis") foar syn hiele karriêre.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: