Selemalje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Selemalje-faas, Sina, 17e ieu

Selemalje as Email cloisonné is in dekorative emaljetechnyk wêrby't flakjes emalje fan elkoar skieden wurde troch metalen rântsjes.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Selemalje is ûntstien yn it Heine Easten of it klassike Egypte. Yn Jeropa wurdt it sûnt de 7e ieu brûkt, mei as hichtepunt de Byzantynske keunst fan om it jier 1000 hinne. Fan it Byzantynske ryk út kaam it fia de Sidewei nei Sina dêr't it fierder ûntwikkele waard.

Proses[bewurkje seksje | edit source]

Op de metalen ûndergrûn dêr't it emalje op oanbrocht wurde moat wurde smelle, bûgbere stripen metaal soldearre, dy't fakjes, sellen, foarmje. Dizze sellen foarmje de oargongen yn de dekoraasje. By it oanbringen fan in fêst patroan wurdt dat faak yn it foar mei in sjabloan op de ûndergrûn tekene, dat dúdlik is hoe't de stripen presys bûge wurde moatte.

Eltse selle wurdt dan folle mei emalje, faak yn ûnderskate kleuren. It gehiel wurdt dan neffens it gewoane emaljearproses behandele. Hjirby moat lykwols fral it ôfkuoljen tige hoeden dien wurde, om foar te kommen dat troch de oergong fan glês nei metaalrâne barsten ûntsteane. Nei it ôfkuoljen wurdt it gehiel ôfskuorre oant it nivo fan de metaalstripen, dat alle linen fan de dekoraasje sichtber binne, en dan wurdt it stik polyst.