Seksuële identiteit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mei jins seksuële identiteit wurdt bedoeld hoe't men oer jinsels tinkt mei it each op seksuële oantrekking en romantyske foarkar. De seksuële identiteit is nau besibbe oan geslachtsidentiteit en seksuële oriïntaasje, mar is net itselde; geslachtsidentiteit is it (subjektive) gefoel dat men hat oer jins eigen geslacht en hoe't men dat persoanlik belibbet, wylst seksuële oriïntaasje de (objektive) oantrekking ta seksuële partners ynhâldt.

Jins seksuële identiteit hoecht net oerien te kommen mei jins seksuële oriïntaasje. Yn slim homofobe maatskippijen of subkultueren ûnderdrukke homoseksuële, lesbyske en biseksuële persoanen harren aard faak sasear, dat se der sels foar harsels oer net foar útkomme of foar doare út te kommen. Yn sa'n sitewaasje is de seksuële identiteit fan sokke lju heteroseksueel, wylst harren seksuële oriïntaasje dat net is.

In seksuële identiteit kin geandewei it libben ek feroarje, wylst dat mei in seksuële oriïntaasje net sa is. Dit ferklearret dan ek de manlju en froulju dy't fan harsels miene dat se heteroseksueel binne, faak yn 'e iere folwoeksenens al trouwe en in gesin stiftsje, mar jierren letter "ynienen" homoseksueel of lesbysk "wurde", skiede fan harren partner, en in relaasje begjinne mei in nije partner fan itselde geslacht. Sokke lju hawwe fansels altiten al homoseksueel of lesbysk west, mar troch omstannichheden dy't fan alderlei soarte wêze kinne, hiene se it earder net beseft, of hiene se it ûnderdrukt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.