Seksferslaving

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Seksferslaving is in ferslaving oan seks, in psychyske ferslaving. Yn de wittenskip rûnten is men der noch net wis fan oft der wol soksawat bestiet. It gedrach fan seksferslaafden hat oerienkomsten mei alkohol en drugs ferslaafden, wêrby't seks funksjonearret as drugs.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

Schneider, [1] determinearre trije oantsjuttings fan seksferslaving. Dy oantsjuttings binne twangmjittich, fuortsetting nettsjinsteande de konsekwinsjes en obsesje:

  • Twangmjittigens: Dit is it ferlies fan 'e frije kar om it gedrach te stopjen of fuort te setten [2]. Seksferslaafden witte faak wol dat wêr't se mei dwaande binne net goed is. Nettsjinsteande it witten fan wat se dogge ferkeard is; hja moatte harsels tajaan oan it ferlet fan seks.
  • Fuortsetting nettsjinsteande konsekwinsjes: Wannear't ferslaafden te fier geane, kin dat in negative ynfloed hawwe op harren libben. Hja kinne harren weromlûke fan harren plichten om sa aktiver te wêzen op it seksuele mêd. Sok weromlûken kin liede ta ferwaarleazing fan bern of âlden dy't harren bern efterlitte. Ferslaafden riskearje jild, houlik, famylje en kariêre om sa ta tefredenens fan harren seksuele ferlet te kommen [3]. Nettsjinsteande dizze konsekwinsjes, bliuwe se mear as normaal aktyf op it seksuele mêd.
  • Obsesje:Wannear't minsken inkeld tinke kinne oan beskate tinzen. Seksferslaafden kinne alle dagen, de hiele dei inkeld mar oan seks tinke. Hja ûntwikkelje fantasijen, sykje nije menieren om seks te hawwen en tinke werom oan ûnderfinings fan it seksuele mêd. Omdat harren tinzen sa behearske wurde troch sokke tinzen, ferwaarleaze hja oare saken yn harren libben dêr't se oer neitinke moatten soene.

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

  1. (1994, p.19-44)
  2. (Carnes, Delmonico and Griffin, 2001, p. 18)
  3. (Arterburn, 1991, p.123)

Mear ynformaasje is te finen op:

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Patrick J. Carnes, Don't Call It Love. Recovery from Sexual Addiction, New York ensfh.: Bantam Books, 1992, ISBN 0-553-35138-9

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]