Seefang

Ut Wikipedy
Gemeente Seefang
Flagge fan de gemeente Seefang        Wapen fan de gemeente Seefang
(Flagge fan Seefang) (Wapen fan Seefang)
Lokaasje fan de gemeente Seefang
Provinsje Noard-Hollân
Boargemaster Karen Heerschop (waarnimmend)
Haadplak Easthuzen
Oerflak
- wetter
55,21 km²
-  17,15 km²
Ynwenners 6.269
Ferkearsieren A7, N244, N247
Netnûmer 0299
Postkoades 1470-1477
Offisjeel webstee www.zeevang.nl

Seefang (Nederlânsk: Zeevang) is in krite en eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hie op 31 maart 2015 6.269 ynwenners en besloecht in oerflak fan 54,34 km². De gemeente Seefang makke diel út fan 'e plusregio Stedsregio Amsterdam.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seefang waard 1970 foarme nei it opheffen fan 'e âlde gemeenten Beets, Easthuzen, Kweadyk, Middelie en Warder. Yn 2012 die de gemeente formeel in oanfraach om opnommen te wurden yn 'e oanbuorjende gemeente Edam-Foalendam. De tariedings dêrta begûnen yn oktober 2013, wêrnei't de anneksaasje fan Seefang troch Edam-Foalendam op 1 jannewaris 2016 in feit waard.