See fan de Hebriden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Binnen en Bûten-Hebriden

De See fan de Hebriden is in part fan de noard Atlantyske Oseaan; de see leit foar de kust fan west Skotlân en skiedet it fêstelân fan de noardlike Binnen-Hebriden (yn it easten) fan de súdlike Bûten-Hebriden (yn it westen). Yn it noarden giet de See fan de Hebriden oer yn The Minch.

De See fan de Hebriden is in diel fan de 'Binnenseeën út de westkust fan Skotlân', neffens de omskriuwing fan de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje[1] en part fan de 'Seeën bewesten Skotlân' wat de fiskerij oanbelanget.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Limits of Oceans and Seas, 3e útjefte, 1953. International Hydrographic Organization; 7 febrewaris 2010