Sedov-arsjipel

Ut Wikipedy
Lokaasje yn de Noardlân-arsjipel

De Sedov-arsjipel (Russysk: архипелаг Седова) is in arsjipel oan de westside fan de Russyske arsjipel Noardlân. De eilannen lizze as in bôgefoarmige slinger yn de Karasee fan it skiereilân Kommune fan Parys ôf nei it eilân Oktoberrevolúsje, dêr't it fan skieden is troch de Strjitte Vostotsjny. Sa'n 25 kilometer noardliker leit it eilân Pionier, dêr't it fan skieden wurdt troch de Reade Legerstrjitte.

De arsjipel hat in lingte fan sa'n 50 kilometer en bestiet út seis eilannen, dy't foar it grutste part mei iis bedutsen binne en troch lâningtes mei-inoar ferbûn binne (allinnich Strela en Domasjni lizze los). Se waarden ûntdekt troch de ekspedysje fan Boris Vilkitski yn 1913 en yn kaart brocht troch de ekspedysje fan Oesjakov en Oervantsev tusken 1930 en 1932. Yn 1937 waard de eilânnekloft ferneamd nei Georgi Sedov.

Op sa'n 35 kilometer súdeastlik fan de arsjipel leit noch it eilân Samojlovitsj (oant 33 meter heech), dat ferneamd is nei de poalûndersiker Rudolf Samojlovitsj. Doe't dy in skoft yn ûngenede fallen wie by de Sovjetautoriteiten (mar rehabilitearre waard yn 1957), hat it eilantsje fan 1938 oant 1965 Dlinny (= 'lang') hjitten. Súdeastlik dêrfan leit noch it eilantsje Plavnikovy.

De eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Golomjanny is in waarstasjon. De trochsneed lofttemperatuer is -14,7°C. Yn july rint dat op oant +0,7°C en yn de kâldste moanne desimber kuollet it ôf oant trochstrings -28,4°C. It absolute minimum berint -55,0°C. De trochsneed relative luchtfochtichheid is 88%. De jierlikse delfal is trochstrings 247 mm. De trochhinne wynsnelheid is 6,0 m/sek. De wyn komt meast út it súdeasten. Mids septimber rekket it eilân folslein mei snie bedutsen en yn july is alles wer teraand. De simmer is kâld, de loft berûn en klam.