Seakle Greijdanus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Seakle Greijdanus (Arum, 1 maaie 1871 - Swol, 19 maaie 1948) wie in Nederlânsk teolooch; hy wie fan hûs út grifformeard.
Greijdanus wie earst heechlearaar yn de Grifformearde Tsjerken. Yn 1944 gie er mei professor Klaas Schilder oer nei de Grifformearde Tsjerken (frijmakke), in ôfspjalting fan boppeneamde tsjerken.

Greijdanus studearre teology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Hy promovearre yn 1903 op in dissertaasje oer "Menswording en Vernedering", in learstellich ûnderwerp. Letter lei er him spesjaal ta op de wittenskip fan it Nije Testamint.

Hy tsjinne de Grifformearde tsjerken fan Rozenburg, Súd-Beijerlân en Peazens-Moddergat. Yn 1917 folge syn beneaming as heechlearaar oan de doetiidske Teologyske Hegeskoalle yn Kampen. Syn oraasje gie oer Skriftleauwe en eksegeze.

Greijdanus hat him fertsjinstlik makke troch ferskate kommintaren op Bibelboeken. Sa skreau er in kommintaar op it evangeelje neffens Lukas en Romeinen yn de bekende rige fan de Bottenburg-kommintaren.

Greijdanus hie as studint al krityk op de learstellige opfettings fan de grifformearde foaroanman Abraham Kuyper. Dat hat der yn 1944 ta laat dat er meigie mei de saneamde Frijmakking. Dêrnei hat er nettsjinsteande syn syn âldens noch in skoft heechlearaar oan de Teologyske Hegeskoalle fan de Frijmakke Tsjerke west.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]