Saxo-Frisia (tydskrift)

Ut Wikipedy

Saxo-Frisia wie twamoanliks tydskrift ta it beroarderjen fan kennis oer lânskip, skiednis, taal en letteren, folkskunde en maatskippij yn Noard-Nederlân (Fryske en Saksyske goaen).

It tydskrift ferskynde fan 1939 oant 1944 by Van Gorcum yn Assen en joech ferskillende foar Fryslân wichtige artikelen.

De, letter nasjonaal-sosjalistyske, heechlearaar germanistyk J. M. N. Kapteyn wie redakteur. Mei universitêre dosinten op oare mêden hie Kapteyn it blêd opset sûnder politike bedoelings. Saxo-Frisia hat him yn de besettingstiid meast net bemuoid mei polityk en ideology. De meidoggers yn en nei 1941 moatte lykwols wol witten hawwe fan Kapteyns politike opfettings, dy't er dúdlik oppenearre fia de Stichting Saxo-Frisia en yn har tydskrift Het Noorderland .

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Encyclopedie Drenthe Online, Saxo-Frisia
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Saxo-Frisia.