Saul fan Israel
Saul (Hebriuwsk: שָׁאוּל, Šāʼûl ; hy, om wa't bean waard) wie de earste kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel. It regear fan de mankelike kening wurdt datearre yn de 11e iuw f.Kr., doe't de stammen-ferbân fan de Israeliten him ûntwikkele ta in naasje. Nei't it folk om in kening frege waard Saul troch de profeet Samuël ta kening salve. It tiidrek dat Saul regearde waard behearske troch in oanhâldende striid mei de Filistinen.
It hûs fan Saul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saul wie de soan fan Kisj út de famylje Matry en hearde by de stamme fan de Benjaminiten, ien fan de tolve stammen fan Israel. Hy kaam út Gibeä (1 Samuel 10), in plak dat nei alle gedachten likernôch 5 kilometer noardlik fan Jeruzalim lei. Tegearre mei syn frou Achinoäm krige Saul fjouwer soannen (Jonatan, Abinadab, Isjbosjet en Malkisjûa), en twa dochters (Mearab en Mikal). Rispa wie in byfrou fan Saul en krige mei him twa soannen: Armony en Mefibosjet (2 Samuël 21:8).
Saul makke himsels fan kant nei in slach mei de Filistinen op it berchlân Gilboä (1 Samuël 31:3), om't hy benaud wie oars yn hannen fan de Filistinen te fallen. Trije soannen fan Saul, Jonatan, Abinadab en Malkisjûa, waarden krekt efkes earder tidens harren flecht troch de Filistinen ynhelle en fermoarde. Saul waard letter begroeven yn Sela yn it lân fan Benjamin.
Saul's soan Isjbosjet folge Saul op as kening fan Israel, wylst David kening fan Juda waard. Mar syn posysje as kening wie net sterk en nei't ek noch ris Isjbosjet's oerbefelhawwe Abner oerrûn nei it kamp fan David, waard Isjbosjet úteinlik ûntholle troch twa fan syn eigen ofsieren (2 Samuel 4:5). David levere yn ferbân mei in âlde bloedskuld fan Saul de twa soannen fan Saul's byfrou Armoni en Mefibosjet en de fiif soannen fan Saul's dochter Mearab oan de Gibeöniten út, dy't se alle sân tagelyk yn Gibeä ophongen (2 Samuël 21:8-9). Saul's dochter Mikal hie gjin bern (2 Samuël 6:23) en de iennige manlike ôfstammeling fan Saul dy't libjen bleau wie Jonatan's lichaamlik beheinde soan Mefibosjet. Mefibosjet waard net útlevere oan de Gibeöniten fanwegen it bûn tusken David en syn heit.
Saul as kening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saul waard troch de profeet Samuël ta kening salve. Om't de kening de ynstruksjes fan Samuël net opfolget rekket hy út de geunst by de profeet, dy't him it ein fan syn keningshûs oanseit. Dêrnei begjint it ferhaal oer David, dy't troch de profeet salve wurdt as takomstige kening.
Nei't de geast fan God Saul ferlitten hie, krige de kening lest fan depresjes. David komt dan oan it hôf om de kening mei de muzyk fan syn harpe rêst te jaan. David befalt Saul wol en freget him as wapendrager te bliuwen en foar him te spyljen as syn mismoedigens wer ris parten spilet.
Yn in tiid dat de Israeliten jimmeroan wer striid ha mei de Filistinen, komme hja mei de reus Goliat oansetten om Israel op 'e nij oan te fallen. Goliat bulderet om in twastriid tusken him en ien fan de Israeliten, dan hoege de legers net mei inoar te fjochtsjen. De ferliezer bepaalt dan it lot fan it folk, dat dan tenij it folk fan de winnaar tsjinje moat. It is de jonge David dy't it lang om let oandoart om de twastriid oan te gean. Mei syn slingerstien wit David Goliat op it goede plak te reitsjen, dy't dea del falt. David wurdt yn de eagen fan it folk in grutte held en kriget in waarm wolkom fan Israel's froulju, dy't him sjongend yn 'e mjitte komme mei de wurden "Saul hat tûzenen ferslein, mar David tsientûzen". Dat jout Saul argewaasje en om fan David ôf te kommen hat hy in list betocht: hy biedt syn dochter Mearab oan as frou, mar dan soe David yn ruil de oarloggen tsjin de Filistinen oanfiere moatte. Sa hope Saul soe David fansels in kear yn 'e hannen falle fan de Filistinen. Mar David is wol wizer en giet der fierder net op yn.
De oergeunstige kening moat dan ek noch ferneare dat syn soan in goede freon wurdt fan David. Hy slút sels in bûn mei David, hold fan him lykas fan him sels en jout him syn militêre klean en wapens. Oant twa kear ta smyt de labile Saul syn spear nei David as dy foar him op de harpet spilet. Saul besiket dan nochris mei syn dochter Mikal David der yn te luzen. David mei har ha as hy hûndert Filistinen wit te ferslaan en him as breidsskat de foarhûden fan dy Filistinen oerhandiget. David akseptearret it oanbod, mar Saul syn opset mislearret: David falt net yn de hannen fan de Filistinen en bringt Saul yn stee fan hûndert twahûndert foarhûden fan Filistinen dy't hy ferslein hat. Oanslutend troud David dan mei Saul's dochter Mikal. David wurdt aloan populêrder en Saul syn lilkens jimmeroan grutter. En sels syn eigen bern litte him raar sitte. As Saul mannen stjoert om David yn syn eigen hûs te deadzjen, helpt Saul's dochter Mikal David om fuort te kommen. En it is Jonatan dy't it iepenlik by Saul foar David opnimt en him letter helpt te flechtsjen as it mienens begjint te wurden.
Saul jaget dan op David, mar it slagget Saul net om him te krijen. Oant twa kear ta stiet de kening foar gek. David wit Saul dan hiel ticht te benaderjen sûnder dat de kening der eat fan ealget. Ienris snijdt David him in stik fan de mantel ôf as Saul syn behoefte sit te dwaan yn de spelonk dêr't David en syn mannen om húsmanje en harren ferskûl hâlde. In oare kear slûpt David Saul's kamp yn en nimt by in sliepende Saul syn spear en wetterkrúk wei.
It medium fan Endor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Filistinen harren wer ris opmakken foar in nije oanfal tsjin Israel waard Saul bang foar de Filistynske legermacht. Yn syn benaudens socht Saul taflecht ta God en de profeten foar rie. Mar om't God en de profeten Saul ferlitten hiene krige hy gjin andert. En de profeet Samuël koe Saul ek net opdrave litte want dy wie yntusken al stoarn. En dus frege Saul syn tsjinners om immen dy't mei deaden prate koe. Sa kaam Saul by de heks fan Endor telâne. Saul hie earder deadebelêzers en wiersizzers ferdreaun en makke him no foar de gelegenheid ûnwerkenber. Saul hjit it frommis om de profeet Samuël op te roppen en as Samuël yndied ferskynt freget Saul him om rie. Mar Samuël werhellet de wurden dy't hy by libben al oan Saul foarsein hie: de Heare hat Saul ferlietten fanwegen it net lústerjen nei God en dêrom sil Saul syn keninkryk kwyt reitsje oan David. De profeet einiget mei de foarsizzing dat de Israeliten de slach mei de Filistinen ferlieze sille en dat Saul en syn soannen oer in dei by Samuël wêze sille (1 Samuël 18).
De dea fan kening Saul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oare deis krige it Israelityske leger it swier te ferduorjen. De Filistinen winne en Saul besiket mei syn soannen út te naaien. Saul's soannen Jonatan, Abinadab en Malkisjûa wurde troch de Filistinen ynhelle en deaslein. Saul is bang pakt te wurden en docht himsels te koart troch yn syn eigen swurd te fallen. Saul wurdt troch de Filistinen fûn. Syn lichem waard fêstspikere oan de muorre fan Bet-Sjan en syn holle waard fan de iene timpel nei de oare timpel brocht om dêr te pronk te stean. Op in nacht hellen de ynwenners fan Jabesh yn Gileäd de lichems fan Saul en syn soannen fan de muorre fan Bet-Sjeän en begroeven se.
Letter liet David de lichems fan Saul en Jonatan en de oaren wer opgrave om se yn Sela yn it grêf fan Saul's heit Kisj by te setten (1 Samuël 31; 2 Samuël 21:12–14).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|