Satellytsteat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In satellytsteat is in ûnôfhinklik lân dêr't in oar lân op benammen it politike en militêre mêd gâns ynfloed op hat.

De term satellytsteat joech eartyds de politike status fan lannen fan it eastblok oan, de leden fan it Warsjaupakt. Dy lannen wienen it net iens mei dy namme en seinen dat de Feriene Steaten yn de NAFO likegoed satellytsteaten brûkten.

Oare machtige lannen lykas Nazi-Dútslân en de folksrepublyk Sina hienen ek al satellytsteaten.