Sargassosee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sargassosee
Sargasso.png
Lokaasje
See Atlantyske Oseaan
Koördinaten
Oerflakte
Djipte (maks.) 7000 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 5000 m
Breedte 1.100
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte 3.200
Oer

De Sargassosee is in langrûne regio yn de noardlike helte fan de Atlantyske Oseaan, mei oseaanstreamingen rûnom. Yn it westen is de Golfstream, yn it noarden de Noard-Atlantyske Stream, iyn it easten de Kanaryske Stream en yn it suden de Noard-Atlantyske Ekwatoariale Stream. It meast tichteby lizzende eilân is Bermuda.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Portugueeske seelju wienen ûnder de earsten dy't de see ûntdutsen, yn de 15e ieu; sy neamden it wetter nei it Sargassum seewier dat dêr in soad waakst (Portegeesk: sargaço).[1] Lykwols soe it wêze kinne dat de see al folle earder bekend wie. In gedicht fan Rufus Festus Avienus, yn de lette 4e ieu, beskriuwt in part fan de Atlantyske Oseaan dat mei seewier oerdutsen is; hy sitearre in ferlern gien ferslach fan de Kartaachske ûntdekkingsreizger Himilko de Seefarder, 5e ieu f. Kr.. Christopher Columbus neamt de Sargassosee ek en die ferslach fan de massas seewier dat dêr dreaun.

Ekology[bewurkje seksje | edit source]

De fersprieding en grutte fan iellarves lit rûchwei de lizzing fan de Sargassosee sjen.

De Sargassosee is tige sâlt en lang tocht men dat der gjin libben foarkaam, hoewol't der oan de oerflakte in soad seewier fan it skaai Sargassum foarkomt.

Yn it ramt fan it saneamde Global Ocean Sampling (GOS)-ûndersyk is de Sargassosee troch J. Craig Venter en oaren op ferskaat oan mikrobysk libben ûndersocht. Oars as eardere teoryen hawwe woenen, blykt der in grut ferskaat oan iensellich libben (prokaryoten) te bestean.

De see is bekend as unyk briedgebiet fan de Europeeske en Noard-Amerikaanske iel. De aaikes komme yn de Sargassosee út en de jonge iel swimt dan nei Europa. At de iel geslachtsryp binne, geane se werom om wer te kûtsjitten yn de Sargassosee. Ek de Falske karetskyldpodde komt der foar; der wurdt wol toch dat de jonge skyldpodden op de Golfstream oankomme om yn de beskûling fan it seewier grut te wurden.

Troch de streamingen oan de oerflakte yn dit part fan de oseaan, ûntstiet der in opheaping fan net-ôfbrekber plestik ôffal yn de Sargassosee (North Atlantic Garbage Patch.[2] Itselde ferskynsel docht him foar yn de Stille Oseaan, de Great Pacific Garbage Patch.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Sargasso Sea en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wide Sargasso Sea; útj. Book Drum
  2. The trash vortex, sjoen 2008-04-20; Greenpeace